Liftsjen

Ut Wikipedy
In pear liftsters by Krakau, dy't nei Bratislava ta wolle.

Liftsjen of liften is in foarm fan reizgjen wêrby't immen dy't earne hinne wol oan in foarbykommende automobilist dy't deselde kant útgiet, freget oft hy of sy meiride kin. Dejinge dy't dat docht, is dan in lifter. De automobilist jout dyselde in lift. De term 'liftsjen' komt út it Ingelsk, fan it tiidwurd to lift, dat "optille" betsjut, of yn dit gefal "oppikke". Yn it Ingelsk wurdt dit wurd lykwols nea yn dizze kontekst brûkt; dêr sprekt men fan hitchhiking. By liftsjen kin de automobilist kunde fan 'e lifter wêze, mar like faak of faker giet it om in folsleine ûnbekende. Yn it jaan fan in lift leit besletten dat it fergees is; as der foar in rit betelle wurde moat, kin men net mear sprekke fan liftsjen. Fral fan 'e 1960-er oant de 1980-er jierren wie liftsjen, benammen mank de jongerein, tige populêr.

By liftsjen kin men in automobilist oansprekke op in plak dêr't dyselde even hohâldt en útstapt, lykas op in parkearplak fan in weirestaurant of by in benzinepomp of ferkearsljocht. Mar it komt ek foar dat men gewoan by de wei lâns stean giet om foarbyridende auto's oan te hâlden. Om yn sokke gefallen oan te jaan dat men in lift hawwe wol, stekt men de earm út yn 'e rjochting fan 'e wei en wiist dan mei de tomme omheech, wylst de oare fingers opkrôle holden wurde. Dêrfandinne dat liftsjen ek wol op 'e tomme reizgjen neamd wurdt. In lifter toant fierders soms in eigenmakke buordsje mei dêrop skreaun syn of har reisbestimming.

Amerikaanske ferbodsbuorden foar liftsjen.

Lifters wolle liftsje om't it in goedkeape manear is om te reizgjen of om't der gjin oare foarmen fan ferfier foarhâns binne. Soms spilet in ferlet oan reisselskip en aventoer in rol, of de winsk om miljeufreonlik te reizgjen. Automobilisten jouwe lifters in lift om't se selskip hawwe wol op in lange rit of simpelwei om't se behelpsum wêze wolle. Op guon plakken, lykas by autowegen en autosnelwegen lâns yn û.m. Kanada, Dútslân, Nederlân, Itaalje en it Feriene Keninkryk, is liftsjen ferbean út it eachpunt fan ferkearsfeiligens. Op inkele plakken yn 'e wrâld, benammen yn guon lokale bestjoerlike ienheden yn 'e Feriene Steaten, is liftsjen en it jaan fan in lift yn alle gefallen by wet ferbean. Op guon plakken yn Nederlân hat men dan wer spesjale 'lifthaltes', dy't bedoeld binne om kontakt te fasilitearjen tusken lifters en automobilisten dy't harren wol meiride litte wolle.

It folslein ferbieden fan liftsjen wurdt dien om sawol lifters as automobilisten te beskermjen. Oer liftsjen geane ntl. in ferskaat oan grizelferhalen om. Sa binne der protte ferhalen oer lifters, fral as it in famke of in jonge tsjeppe frou is, dy't troch in manlike automobilist meinommen wurde nei in stil plakje dêr't er har ferkrêftsje en neitiid mooglik fermoardzje kin. Fral foar allinne reizgjende froulju wurdt liftsjen dêrom sterk ôfret. Oarsom binne der ek genôch ferhalen oer automobilisten dy't berôve of fermoarde wurde troch ien of mear lifters dy't se oppikt hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.