Autodyk

In autodyk is in dyk foar lange ôfstannen, dy't meast foar snelferkear ornearre is. Der binne twa rydrjochtingen yn tsjinoerstelde rjochtingen en der binne gjin krusings. In autodyk hat om syn minst twa banen yn beide rjochtings, dy't fan inoar skieden wurde troch linen. Men kin oer de ôf- of opreed fan of op de autodyk komme. Om gau op in oare autodyk te kommen binne der ferkearsieren. In autodyk kin oer brêgen en troch tunnels boud wurde. Op de autodyk mei net stilstean of parkeare wurde, dêrfoar binne de tankstasjons en parkearplakken njonken de autodyk.
Gronology fan it wichtichste barren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 1921 - De earste autodyk waard yn Berlyn boud, dy wie mar njoggen kilometer. De autodyk waard AVUS (Automobil-Verkehrs- und Übungs-Straße) neamd en wie benammen in race- en testdyk. No is it in part fan de E51 fan Berlyn nei Potsdam.
- 1923 - Waard der yn Itaalje in twadde (ek lanngere) autodyk fan Milaan nei Como boud.
- 1932 - Yn Dútslân waard der in tredde autodyk boud fan Keulen nei Bonn; wat no de A555 is.
- 1935 - De earste wiere autodyk tusken Frankfurt en Darmstadt is ree.
Skaaimerk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Net alle lannen brûke in autodyksymboal. Der binne hjoed de dei ek ferskillen tusken autodyk, dyk en strjitten dy't bytiden wol wat fan in autodyk hawwe. Omdat de diken yn gâns lannen oars kategorisearre wurde is der net ien boerd dat op de hiele wrâld brûkt wurde kin.
Kleur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de measte lannen hawwe de autodykbuorden in blauwe of griene eftergrûn.
Buorden mei in blauwe eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
*) Buorden, dy't inkeld nei de autodyk ferwize, binne dochs grien.
Buorden mei in griene eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
Maksimum faasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lân | Maksimum faasje (km/h) (2003) |
---|---|
Belgje | 120 |
Denemark | 130 |
Dútslân | gjin maksimum - oanrikammondearre faasje = 130 |
Eastenryk | 130 |
Finlân | 120 |
FSA | 105/112/121/129 leit oan hokker steat it is |
Frankryk | 130 |
Grut-Brittanje | 112 |
Hongarije | 130 |
Ierlân | 120 |
Japan | 100 |
Nederlân | 130 |
Portugal | 120 |
Sloveenje | 130 |
Sweden | 110 120 op de E6 |
Switserlân | 120 |
Tsjechje | 130 |