Rydstripe

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Standertyndieling fan in autogongwei mei suteldyk en fytspaad. Sjoch de kleure balken en letters boppe-yn.
Read: Dyk (B, D o/m J, K)
Blau: Rydbaan, in fytspaad jildt net as rydbaan
Swart: Rydstripe
A sydberm
B suteldyk
C sydberm
D flechtstripe, útrydstripe
E rydstripe
F spitsstripe
G midstripe
H middenberm
J flechtstripe, ynrydstripe
K fytspaad

In rydstripe is in part fan in rydbaan, dêr't reauwen oerhinne ride kinne. In rydbaan kin út ien of mear rydstripen bestean. Rydstripen wurde begrinzge troch dykmarkearrings. Measte diken hawwe twa rydstripen dy't ornearre binne foar ferkear yn tsjinoerstelde rjochtingen. Autogongwegen en guon autowegen binne dûbele rydbanen, en hawwe twa of mear rydstripen yn deselde rjochting.

Yn stêden besteane smelle strjitten en stegen ornaris ek út ien rydstripe en binne gauris ornearre foar ienrjochtingsferkear. OP it plattelân binne diken gauris ek tige smel en besteane ek mar út ien rydstripe. Dêrmoat ferkear dy't inoar temjitte komt romte meitsje om inoar foarby te riden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De swarte middelstreek op de Dútske Autobahn yn de lette 1930-er jierren

Yn it grutste part fan de skiednis hiene diken gjin markearrings nedich, om't minsken rûnen of op hynders rieden dy't reedlik stadichoan rieden. Doe't motorisearre ferkear yn de iere tweintichste iuw tanaam, namen frontale botsings ek hieltyd mear ta. Om Detroit hinne, yn de Amerikaanske steat Michigan waard dêrnei úteinset en meitsje de diken feiliger. Yn 1909 waard yn Detroit de earste betondyk oanlein, en yn 1911 waard in middenstreek oanbrocht. Edward N. Hines, dykkommissaris yn Detroit, wurdt sjoen as de betinker fan de dykmarkearrings.

Yn 1917 waard yn Kalifornje eksperimintearre om troch middel fan wite fervestreken dykmarkearrins oan te bringen. Yn novimber 1924 naam de steat Kalifornje de fervestreken offisjeel oer.

De earste dykmarkearrings yn Jeropa waarden oanbrocht yn 1921 om in plak fan in ûngemak oan te tsjutten by Birmingham. Dêrnei waarden diken yn Grut-Brittanje mei wite ferve markearre.

Yn Dútslân waard wite ferve foar it earst yn 1925 yn Berlyn brûkt, dêr't rydstripen en sydkanten fan de dyk markearre waarden. Doe't it Autobahnsysteem yn de 1930-er jierren úteinsette, waard der swarte ferve as de middelline fan eltse rydbaan oanbrocht. Swart soe better te sjen wêze op de betonnen weidek.

Yn 1939 wiene rydstripemarkearrings yn de Feriene Steaten al wiidweidich brûkt. Stadichoan folgen oare lannen. Nei de Twadde Wrâldkriich waarden der reauwen útfûn, dy't markearrings oanbringe koene.

Soarten rydstripen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Santjin rydstripen op seis rydbanen by Toronto, Kanada
In ynrydstripe nei lofts yn Dútslân
  • Rydstripe op de haadrydbaan, dêr't ferkear rjochtút ride kin fan de iene nei de oare bestimming.
  • Ynrydstripe, dêr't ferkear op de haadrydbaan mei op oanslute kin.
  • Utrydstripe, dêr't ferkear fan de haadrydbaan ôf ôfslaan kin.
  • Wikselstripe, dy't ôfhinklik fan de drokte, iepene wurdt foar in bepaalde rydrjochting.
  • Weeffek, is in kombinaasje fan in yn- en útrydstripe, benammen by in ferkearsknooppunt yn de foarm fan in klaverblêd.
  • Ynhelstripe, dêr't op in drokke rydbaan in ekstra rydstripe oanlein is om ferkear yn te heljen.
  • Flechtstripe, de stripe op 'e dyk njonken de rydbaan.
  • Carpoolstripe of ekspresstripe, dêr't reauwen mei meardere persoanen, files of stadichridend ferkear foarby ride kinne.
  • Busstripe; in stripe spesjaal ornearre foar busferkear.
  • Fytsstripe; in stripe ornearre foar fytsers op de rydbaan.

Breedte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trochsneed breedte fan rydstripen
In dyk mei ekstra wide rydstripen yn Aura, Finlân

Yn Jeropa binne der ferskillen yn breedte fan rydstripen de lân 2,50 oant en mei 3,50 meter. De breedte fan rydstripen is op autogongwegen almeast 3,50 meter. Om de grutte stêden hinne binne ek autodiken te finen mei rydstripen fan 3,25 meter breed. Der binne ek autodiken dy't om histoaryske redens smellere rydstripen hawwe, bygelyks 3,20 meter. De rydstripe, dy't it fierst rjochts leit, is omreden fan frachtauto's op de measte autodiken tusken 3,50 en 4 meter breed en de lofter rydstripe is dan gauris mar 2,50 meter breed.

Yn de Feriene Steaten is de trochsneed breedte fan rydstripen 2,55 meter.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.