Springe nei ynhâld

Autowei

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Autowegen)

In autowei is yn Nederlân in wei dêr’t allinnich fluch motorreau op ride meie. Deselde soarte dyk komt ek yn oare lannen foar, bygelyks yn Dútslân, Belgje, Ingelân, Noarwegen, Eastenryk, Switserlân, Frankryk en Sweden.

De autowei, mei 2 rydbanen, by Assendelft.

Op in autowei mei net efterút riden wurde, net keare en ek net stilstean as dat net nedich is. Op in autowei kinne jo te krijen hawwe mei tsjinlizzers en krúsjend ferkear.

Yn Nederlân leit de maksimumsnelheid, of it moat wêze dat oars oanjûn wurdt, op 100 kilometer it oere bûten de beboude kom. Yn de beboude kom is dat 50 kilometer it oere. Yn Nederlân, en ek yn Belgje en Frankryk, is in autowei meastal oanjûn as in N-dyk.

Autowegen yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Fryslân binne de neikommende provinsjale wegen autowegen:

De measte fan dy diken binne útfierd as inkelde rydbaan, dus mei twa rydstripen. In part fan de N356 fan Dokkum nei Nijegea (de Sintrale As), in part fan de N355 fan Ljouwert nei Hurdegaryp en in part fan de N381 fan it knooppunt Drachten nei Easterwâlde binne útfierd mei in dûbele rydbaan (2x2).

De Rykswei 31 is foar in part útfierd as autowei mei dûbele rydbaan fan Surch nei Mullum en fan Marsum nei it knooppunt Drachten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]