Springe nei ynhâld

Provinsjale wei

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Provinsjale wegen)
Kaart fan Nederlân mei diken dy't ûnder behear fan de provinsjes falle yn't grien

In provinsjale wei is in dyk yn Nederlân dy't oanlein, ûnderholden en beheard wurdt yn opdracht fan de provinsje. In soad provinsjale wegen yn de beboude kom wurde beheard troch de gemeente. De provinsje betellet de oanbelangjende gemeente in bydrage foar it behear.

In provinsjale wei kin yn in foarm fan in autogongwei of autowei boud wurde. De measte provinsjale diken hawwe lykwols in inkelde rydbaan, wylst guon in dûbele rydbaan hawwe. Yn Nederlân wie der yn 2004 totaal 6.713 km oan provinsjale wegen.

Provinsjale wegen yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Fryslân binne de neikommende diken provinsjale wegen:

De measte fan dy diken binne útfierd as inkelde rydbaan, dus mei twa rydstripen. In part fan de N356 fan Dokkum nei Nijegea (de Sintrale As), in part fan de N355 fan Ljouwert nei Hurdegaryp en in part fan de N381 fan it knooppunt Drachten nei Easterwâlde binne útfierd mei in dûbele rydbaan (2x2).