Provinsjale wei 393
N393 | |
---|---|
Langte: | 27,4 km |
Kaart | |
De provinsjale wei 393 of N393 is in provinsjale wei tusken Harns en Stiens. De wei wurdt ek wol Middelwei neamd. De N393 ûntstie yn 'e rin fan 'e 20e iuw troch opwurdearring fan besteande weidielen.
De wei rint fan Harns oer Pitersbierrum, Seisbierrum, Easterbierrum, Tsjummearum, Minnertsgea, Sint Jabik, Sint Anne en Froubuorren nei Stiens.
De wei is oer gâns syn lingte útfierd as in twastripe-gebietsûntslutingswei mei bûten de beboude kom in maksimumfaasje fan 80 km/o. Yn de gemeente Ljouwert hjit de wei Middelsédyk en Stienzer Hegedyk. Yn de gemeente Waadhoeke hjit de wei W. Dijkstrastrjitte, J.P. van der Bildtstrjitte, Middelwei-East, Van Harenstrjitte, Middelwei-West, Eastein en Suderwei, Hermanawei, Meinardswei, Ferniawei, Tsjessingawei, Swaerderwei, Buorren, Kleasterwei, Lidlumerwei, Haerdawei en Hearewei. Yn de gemeente Harns hjit de wei Haulewei.
Diken yn Fryslân | ||
---|---|---|
Rykswegen: A6 ● A7 ● A31/N31 ● A32/N32 | ||
Provinsjale diken: N351 ● N353 ● N354 ● N355 ● N356 ● N357 ● N358 ● N359 ● N361 ● N369 ● N380 ● N381 ● N383 ● N384 ● N390 ● N392 ● N393 ● N398 ● N910 ● N913 ● N917 ● N918 ● N919 ● N924 ● N927 ● N928 ● N979 ● N981 | ||
Jeropeeske wei: E22 | ||
Knooppunten: Knooppunt De Jouwer ● Knooppunt It Hearrenfean ● Knooppunt Oerterperfallaat ● Knooppunt Surch ● Knooppunt Werpsterhoeke | ||
Rûnwegen: Ring Ljouwert ● Ring Snits | ||
· · |