Grinzer Strjitwei

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan N355)
Jump to navigation Jump to search
Provinsjale wei N355
Detailkaart trajekt

De Grinzer Strjitwei, offisjele namme: Provinsjale wei 355 of N355, is in provinsjale wei yn Fryslân en Grinslân dy't Ljouwert in direkte ferbining mei Grins jout. Dizze wei bestiet al sûnt 1821. De Grinzer Strjitwei hat lange tiid de belangrykste ferbining west tusken Ljouwert en Grins, oant dy funksje oernaam waard troch de Wâldwei en de A7.

De Grinzer Strjitwei begjint yn Ljouwert en rint troch Hurdegaryp nei it krúspunt mei de N356, Quatrebras. Fan hjir rint de dyk troch Noardburgum, Twizel en Bûtenpost en giet oer de Lauwers Grinslân yn, dêr't er Fryske Strjitwei hjit. De N355 rint fierder nei it easten oer Gryptsjerk en Nijesyl, en krúst tusken Noardhorn en Súdhorn oer it Van Starkenborghkanaal. Fan dêr rint de N355 nei Grins der't er oanslút op de N46.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]