Springe nei ynhâld

Ryksstrjitwei

Ut Wikipedy
De ryksstrjitwei tusken Leien en Haarlim rint troch Bennebroek (±1910)

Mei in ryksstrjitwei wurdt in befluorre wei fan ynterregionaal belang bedoeld, oanlein ûnder ferantwurdelikens fan it Ryk. Dy oantsjutting is lykwols ferâldere: yn de 20e iuw waard sprutsen fan rykswegen dy’t meast útboud binne ta (mearbaans) autosnelwegen.

Nei de sintralisaasje fan it lânsbestjoer oan it begjin fan de 19e iuw waard úteinset mei de oanlis fan in stelsel fan ryksstrjitwegen, dy't troch it Ryk finansierre waarden. Dat begûn al yn de Frânske tiid (de routes impériales), net allinnich yn Nederlân, mar yn hiel, troch de Frânsken ferôvere, Jeropa.

De oanlis fan ferhurde diken waard fuortset ûnder Kening Willem I (1815-1840). Oant dy tiid wiene de ynterlokale en ynterregionale diken meast ûnferhurde. Sadwaande wie it trekskip in gaadlik (en noflik) ferfiersalternatyf. Al yn 1814 wie der in plan foar 26 wegen op kosten fan it Ryk; yn 1816 wiene dat al 31 wegen. Yn 1821 waarden de rykswegen yndield, 9 rykswegen 1e klasse en 33 rykswegen 2e klasse. It hat lang duorre ear't it ferfier oer de wei, alteast yn kriten mei in soad wetterwegen, serieus konkurrearje koe mei it skip en it trekskip. Faaks kin dêrom it oanlizzen fan in Rykswegenet ek sjoen wurde as in stâl jaan oan it nije sintrale gesach en it befoarderjen fan it naasjegefoel.[1]

Eardere ryksstrjitwei yn, tusken Grins en Assen, no oerdroegen oan de gemeente

De oanlis fan befluorre wegen barde benammen yn kriten dêr't genôch rendemint ferwachte wurde koe, dat yn gebieten mei in protte hannel en yndustry. Ek wichtige rûtes nei it bûtenlân waarden ferhurde, bygelyks diken troch Oerisel nei Dútslân. De tinbefolke earmere sângrûnen waarden earst letter ûntsletten. Drinte hie bygelyks yn 1864 70 meter ferhurde wei de 100 ha., yn Noard-Brabân 160 meter de 100 ha., wylst yn oare provinsjes al mear as 200 meter ferhurde wei de 100 ha. oanlein wie yn dat jier.

Op de rykswegen waard tol heft. Sa wienen der op de dyk fan Swol nei Ynskedee 12 tollen. De tolheffing smiet somtiden safolle op, dat partikulieren ek wegen oanleinen. Dat helle lykwols wol de faasje út it ferkear en dat wie no krekt it punt wêr't de strjitwei op konkurrearje moast mei it wettertransport. Troch de opgong dy't it spoar makke yn de twadde helte fan de 19e iuw en de hege ryksynvestearrings dêrmei anneks, heakke de oanlis fan rykswegen en rekken in soad fertutearzge. Fan guon rykswegen waard de breedte werom brocht fan 4,5 m. nei 3,5 m. Earst mei de komst fan de auto feroare dat wer. Fan 1927 ôf waard de útwreiding fan it rykswegennet (wer) mear planmjittich oanpakt mei it earste rykswegenplan foar it trochgeand motorisearre ferkear.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Woud, Auke van der, Het lege land. De ruimtelijke orde van Nederland 1798-1848. Side 164-165.
.
  • Blok, D.P. e.a. red. (1981), De Algemene Geschiedenis der Nederlanden, deel 10, Bussum: Unieboek
  • Frankema, Ewout en Peter Groote, De modernisering van het Nederlandse wegennet. Nieuwe perspectieven op de ontwikkeling voor 1940, NEHA deel 65 (2002) 305-328