Rykswei

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Rykswegen)
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Kaart fan Nederlân mei al syn rykswegen
De Rykswei 7 of A7 rint oer de Ofslútdyk

In rykswei is in wei dy't beheard wurdt troch de sintrale oerheid fan in lân, it Ryk.

Yn Nederlân wurde rykswegen ûnderhâlden troch Rykswettersteat fanwegen it Ryk. Rykswettersteat is teffens ferantwurdlik foar de oanlis fan nije rykswegen, wêrfoar't de minister fan Ynfrastruktuer en Miljeu earst in traseebeslút naam hawwe moat.

Yn 2017 hie Nederlân 5357 km rykswei.[1] Ferskate oarspronklike rykswegen binne oerdroegen oan provinsjes en gemeentes.

De namme 'Rykswei' komt yn Nederlân faak foar as strjitnamme fan diken dy't in rykswei binne of dy't it ea wiene.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bioskoopsjoernaal út jannewaris 1929. In oersjoch fan it wurk by it oanlizzen fan de nije ferkearsdyk Rotterdam - De Haach.

Yn 1810 sette keizer Napoleon as earste útein mei in gearhingjend rykswegenet (route impériale). Der waard in plan makke foar in netwurk fan rykswegen, ferparte yn ferskate klassen. De diken fan de 1e en 2e klasse waarden troch de steat oanlein en it oanlizzen fan oare diken troch legere oerheden. Nei de Frânske tiid sette de Nederlânske oerheid syn eigen rykswegenet en yn 1821 omfieme er likernôch 500 km dyk, dy't yn de oanfolgjende jierren hast folslein bestrjitte waarden; sjoch ryksstrjitwei.

It duorre noch wol hûndert jier ear't it rykswegenet útwreide wurde soe. Minister Lely foarseach as earste in grutte takomst foar de automobyl. Yn 1915 trúnde Lely der op oan en ferbetterje en wreidzje de wichtichste en drkste ferbinings. Troch it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich kaam der ynearsten neat fan syn foarstel omreden troch brekme fan jild en benzine.

Yn 1927 waard in nij rykswegeplan fêststeld. Neffens dat plan soe der in grutte ferbettering en útwreidzjen fan de wichtichste rykswegen. Dat wie ek wol tige nedich. De measte rykswegen wiene doe noch trije meter breed en waarden brûkt troch fytsers, automobilen, trams en hynders. Yn 1932 waard it rykswegeplan fannijs besjoen. Dat rykswegeplan hie noch gjin oanlizzen fan autodiken op it aljemint. Yn 1933 waard dochs besletten foar it oanlizzen fan de earste gongwei; de rykswei 12 fan De Haach nei Utert

Yn 1936 waard troch Rykswettersteat in tal wichtige rykswegen oanwiisd as autodyk en dy diken moasten al reedlik fluch oanpast wurde. Yn 1938 waard it autodikeplan opnommen yn it rykswegeplan. Yn de oanfolgjende jierren, nei de Twadde Wrâldkriich, waarden der hieltyd mear rykswegen omboud ta autodyk.

Yn 1976 waard op de rykswegen de dyknûmering ynfierd. Autodiken krigen in A-nûmer, net-autodiken krigen in N-nûmer. De administrative nûmers ferskilden lykwols fan it dyknûmer. De A28 bestie bygelyks út de administrative diken 32, 36, en 37. Yn 1984 waarden de administrative nûmers safolle mooglik gelyk lutsen mei de dyknûmers. Yn Fryslân waard de eardere rykswei 43 part fan de lettere A7 en rykswei 9, dy't eartiids fan Amsterdam oer Alkmar, Ofslútdyk, Harns en Ljouwert rûn, en letter noch trochlutsen waard nei Grins, tusken Surch en Ljouwert part fan de rykswei 31, wylst it part fan Ljouwert nei Grins de provinsjale wei 355 waard.

Autodiken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 15 april 1937 waard tusken Foarburch en Zoetermeer de earste autodyk iepene mei in grut feest. Dy dyk waard makke fan betonplaten. Yn de jierren dêrnei krige it oanlizzen fan autodiken in wichtige rôl yn de mobiliteitsplannen. Yn 1938 rieden der al 90.000 auto's op de dyk. De earste file op in autodyk stie op pinkstersnein fan 1955. Yn de winter fan 1973/1974 wiene der, omreden fan it tekoart oan oalje en dêrom ek fan benzine, autoleaze sneinen. Yn 1985 waard op it Prins Clausplein it earste stjerknooppunt boud. Yn 1996 kaam de earste grutte pleatslike ferkearsintrale yn gebrûk, dêr't der nei noch fjouwer oaren tagelyk mei in lanlike ferkearsintrale foalgen. Yn 1997 waard de earste spitsstripe oanlein[2].

Rykswegen hjoed-de-dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In hektometerpeal oan de A1

In rykswei kin in autowei of in autodyk wêze. Ryskwegen binne werom te kennen mei in N-dyknûmer (almeast in autowei) of in A-nûmer (autodyk) mei in nûmer fan 1 o/m 99. Rykswegen binne ek werom te kinnen mei it hektometerpealtsje.

Yn hast alle gefallen is it A/N-nûmer gelyk oan it ryksweinûmer. Yn guon gefallen is dat net sa, fanwegen it ombouwen fan in part dêrfan as autodyk, en in part dêrfan, net.

Bebuording[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Bebuording.

Sûnt 1 jannewaris 2004 fersoarget it bedriuw Tebodin de bebuording op it rykswegenet. Dat bedriuw hat de bebuording oernommen fan de ANWB, dy't oant 2004 jierrenlang ferantwurdlik wie foar de bebuording. Op de oare diken is it ANWB lykwols noch hieltyd ferantwurdlik foar de bebuording.

Rykswegen yn Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De neikommende diken binne rykswegen yn Fryslân

Rykswegen yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sintraal Buro foar de Statistyk
  2. 75 jaar snelweg RTL Nieuws, 4 april 2012