Stjerknooppunt

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
In stjerknooppunt
In heal stjerknooppunt

In ferkearsknooppunt yn de foarm fan in stjer, ek wol in maltezerkrús neamd, is in knooppunt fan twa autogongwegen op ûngelikense hichte. De namme komt fanwegen de foarm fan in stjer fanút de loft wei sjoen. It earste stjerknooppunt yn de wrâld waard yn 1953 yn Los Angeles iepene.

It stjerknooppunt is fan alle knooppunten it djoerste alternatyf, mar hat ferlike mei oare foarmen in heger ferkearsfermogen. De acht ferbiningsbôgen hawwe romme bochten, sa't der lytsere faasjeferkillen binne by it yn-en útriden. De hege kosten fan sa'n soarte knooppunt wurde feroarsake troch it tal fiadukten en lange fly-overs. Dêrnjonken kin in stjerknooppunt troch syn meardere hichten in net-winske projekt foar omwenjenden wêze. By in stjerknooppuntbinne wol fjouwer hichten nedich. By in heale stjer binne der op syn meast trije hichten nedich. Yn Jeropa wurdt it stjerknooppunt net al te folle brûkt.

Yn de Feriene Steaten binne dêrfoaroer al in soad stjerknooppunten. In grutter fariant ûntstiet as der pleatslike diken op oansluten wurde. Dêrby kin sa'n knooppunt wol út fiif hichten bestean, de saneamde Five Stack. Yn Dallas en op de ringwei fan Houston, de Beltway 8, binne sokke knooppunten te finen.

Yn Nederlân is it Prins Clausplein by De Haach in stjerknooppunt. Yn Dútslân is it Wetzlarer Kreuz by Wetzlar en yn Ingelân op de krusing fan de M4 en M25 by Heathrow binne stjerknooppunten. Yn Fryslân binne trije knooppunten útfierd as heale stjerren. It knooppunt Surch, it knooppunt Werpsterhoeke binne heale stjerren, en ek it knooppunt De Jouwer dy't yn 2017 omboud waard ta in heal stjerknooppunt.