Springe nei ynhâld

Cornelis Lely

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lely)
Ir. C. Lely
Stânbyld fan ir Cornelis Lely op de Ofslútdyk

Ir. Cornelis Lely (23 septimber 1854, Amsterdam14 jannewaris 1929, De Haach) wie in Nederlânske wetterboukundige, minister en gûverneur.

Lely syn libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kornelis Lely waard berne yn Amsterdam, as sânde soan fan Jan Lely en Adriana van Houten. Hy behelle yn 1875 it diploma fan sivyl-yngenieur oan de TH yn Delft. Hy kaam septimber 1886 yn tsjinst fan de Suderseeferiening, in feriening dy harsels ta doel steld hie in plan te meitsjen foar ôfsluting en ynpoldering fan de Sudersee. Yn 1891 hie Lely syn plan klear. Earst in grut tal jierren letter, nei de wettersneedramp fan 1916 hat er as minister troch in wet it plan ta útfiering brocht. Dêrneist waard op syn oantrunen de Bergse Maas ôfsletten, en befoardere hy it spoar.

Yn de âldens fan 36 jier waard Lely beneamd ta minister fan Wettersteat, Hannel en Yndustrie yn it Kabinet-Van Tienhoven (1891-1894). Lely wie minister fan Wettersteat in noch twa kabinetten: het Kabinet-Pierson (1897-1901) en het Kabinet-Cort van der Linden (1913-1918). Dêrtusken wie hy fan 1902 tot 1905 gûverneur fan Suriname. Yn 1898 loadste hy de wet foar de Noardeasterlokaalspoarwei-Maatskippij troch it parlemint en ûnder syn gûverneurskip yn Suriname befoardere hy it yn earsten partikuliere plan foar de oanlis fan de Lawaspoarwei. Yn 1913 waard de ynpoldering fan de Sudersee troch syn tadwaan opnaam yn it regearprogram. De Suderseewurken binne foar it grutste part nei syn plan útfiert.

Lely is yn de âldens fan 74-jier ferstoarn yn de strange winter fan 1929. Hy hat it sluten fan de Ofslútdyk net meimakke en ek net it drûchmeitsjen fan de earste polder de Wieringermar.

Lely's plan foar de Sudersee

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol der hûnderten jierren foar Lely al praat waard oer it ynpolderjen fan de Sudersee, wie Kornelis Lely de earste dy in technysk-útfierber plan presintearre, dat oplossingen hie foar problemen as de ôfwettering fan de Isel. It drûchmeitsjen fan de Sudersee is lang sjoen as in wyld plan, ek neidat syn plan presintearre wie, en der is lang praat oer de foar- en neidielen, lykas de ekonomyske gefolgen foar de fiskersdoarpen, it jild dat it kostje soe en de risiko's.

Lely koe syn plan ta útfiering bringe om't er neist yngenieur ek noch in goed politikus wie. Ek doe't er yn 1913 it drûchmeitsjen fan de Sudersee yn it regearprogram krige wie der noch in protte maatskiplike wjerstân. Twa saken hawwe Lely holpen: De Earste Wrâldkriich soarge foar in tekoart oan iten, wêrtroch't de ekstra bougrûn dy't de Suderseewurken opsmite soene fan grutter belang achte waarden. De belangrykste omslach kaam lykwols troch de wettersneedramp fan 1916. De gefolgen fan dy wettersneed soarge dêrfoar dat de publike opiny feroare; men koe de gefaren fan de see net negearje. Twa jier letter kaam de Suderseewet troch it parlemint.

De fisy fan Lely wie it koarter meitsjen fan de kustline. De ferdigening tsjin de see wie sa sterk as de swakste skeakel, sa redenearre Lely, en mei de hûnderten kilometers oan kustline wie it dreech om in effektive wetterkearing te ûnderhâlden. De Ofslútdyk hat dat allegear ferfongen troch in inkele dyk. De fisy fan Lely is letter yn de 20e iuw nochris tapast by de Deltawurken, wêrby't de kustline fan Seelân in grut stik ynkoart is.

De plakken Lelystêd yn de provinsje Flevolân, en Lelydoarp yn Suriname, binne nei Lely neamd, lykas it gemaal Lely yn de Wieringermar. Yn Amsterdam is in autowei nei him neamd: de Cornelis Lelylaan.

Syn wittenskiplike fertsjinsten waarden erkend mei syn beneaming yn 1895 ta lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen, ôfdieling Natuerkunde, en yn 1905 mei it earedoktoraat fan de Technyske Hegeskoalle yn Delft.

Op 23 septimber 1954 waar troch Keningin Juliana oan de Noard-Hollânske kant fan de Ofslútdyk in stânbyld fan Lely ûntbleate ta eare fan syn hûndertste jierdei. Dit byld, makke troch Mari Andriessen, stie op de igge fan Wieringen en seach út oer de dyk. Om't de wei oer de dyk útwreide waard wie it byld lykwols tusken it ferkear komme te stean, wat Rykswettersteat gjin gaadlik plak fûn, en dêrom waard it byld yn febrewaris 2004 fuorthelle. It byld sil neidat it opknapt is ferhúzje nei de omkriten fan it monumint op de Ofslútdyk.

Yn Lelystêd is yn oktober 2002 de "Zuil van Lely" oprjochte, in ûntwerp fan Hans van Houwelingen, dêr't op in tritich meter hege toer fan basalt in stânbyld fan Lely stie, makke troch Piet Esser. Om't Esser fûn dat de minsken syn wurk sa net goed sjen koenen, is dat der maitiid 2003 ôfhelle en stiet it foar no yn it stêdhûs. Yn novimber 2004 is der, 150 jier nei it bertejier fan Lely, in kopy fan it stânbyld troch Andriessen op set.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]