Springe nei ynhâld

Wieringen

Ut Wikipedy
Lizzing fan Wieringen
Wieringen op in kaart út 1849

Wieringen (Westfrysk: Wirringen) is in earder Waadeilân en in eardere gemeente yn de Kop fan Noard-Hollân. Dee foarnaamste plakken binne Hippolytushoef en Den Oever; lytsere plakjes binne Oosterland en Westerland en útbuorrens as De Haukes en Stroe. Op 1 july 2006 wennen yn 'e gemeente Wieringen neffens it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS) 8.398 minsken. Op 1 jannewaris 2012 fúzjearre de gemeente Wieringen mei Anna Paulowna, Niedoarp en de Wieringermar ta de nije gemeente Hollâns Kroan. Om't it as earder eilân fan âlds isolearre wie, wurdt der noch altyd it eigen Eilânwestfryske dialekt sprutsen, it Wieringsk.

It lânskip fan Wieringen is net hielendal flak: it wurdt karakterisearre troch stowâlen fan balstienliem, dy't yn de Saale-iistiid foarme binne. Sa om-ende-by 1200 is Wieringen in eilân wurden as gefolch fan opienfolgjende stoarmfloeden. De namme Wieringen hat neat mei (see)wier te krijen en is ôflaat fan it Aldfryske 'wîr' dat hichte betsjut.

De oarspronklike bewenners wienen Friezen dy't it hjir oant de 13e iuw foar it sizzen hienen. Sy waarden yn 1284 troch de Hollânske greve Floaris V ferslein. Dizze greve oermastere it gebiet en de Fryske befolking waard troch him skatplichtich makke. Doe’t grutte stikken fan Noard-Hollân ûntgûn waarden, waard it belang fan it heger lizzende Wieringen minder.

Op 31 july 1924 kaam der in ein oan it bestean as eilân doe’t it Amsteldjip mei in dyk ôfsluten waard fan de Waadsee. Op Wieringen wurdt dizze dyk de Koarte Ofslútdyk neamd. Yn 1930 kaam ek de eastlike Wieringermardyk klear en dêrmei waard it oanlizzende wetter polder de Wieringermar. De ôfsluting fan de Sudersee waard yn 1932 foltôge mei de echte Ofslútdyk, dy't Wieringen mei de provinsje Fryslân ferbynt. Dizze dyk begjint by Den Oever.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]