Springe nei ynhâld

Eilânwestfrysk

Ut Wikipedy
Eilânwestfrysk
algemien
lokaasje Teksel, Flylân, Wieringen,
Inkhuzen
tal sprekkers ±3.600
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Westfrysk
                  ● Eilânwestfrysk
subgroepen Flylânsk
Inkhústersk
Tekselsk
Wieringsk

It Eilânwestfrysk is in groepke dialekten dat ta de gruttere kloft fan 'e Westfryske dialekten heart, dy't op har beurt wer ûnderdiel útmeitsje fan it Hollânsk. De Eilânwestfryske dialekten ûnderskiede har fan it Lânwestfrysk of "echte" Westfrysk troch in stikmannich behâldende skaaimerken.

De lokaasje fan 'e Eilânwest-fryske dialekten binnen it gruttere Westfryske dialektgebiet.

Eilânwestfryske dialekten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under it Eilânwestfrysk falle it Tekselsk, fan it Waadeilân Teksel; it Wieringsk, dat fan âlds sprutsen wurdt op Wieringen, it eardere eilân dêr't no de Hollânske útein fan 'e Ofslútdyk leit; en it noch net sa lang lyn útstoarne Flylânsk, fan it Fryske Waadeilân Flylân. Ek it Inkhústersk, it stedsdialekt fan 'e foarhinne benammen op 'e see oriïntearre Westfryske stêd Inkhuzen, wurdt ta dizze kloft rekkene. Fral it Tekselsk en it Wieringsk lykje sterk opinoar.

Taalkundige skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Eilânwestfryske dialekten ûntbrekt de [ʌi̭] (stavere as ui), lykas yn huis ("hûs"), en ek de typysk Westfryske klanken [ai̭] (ai) en [oi̭] (oi), fan kaike of koike ("sjen"; Nederlânsk: kijken). Yn it Lânwestfrysk, dêr't de ui wol foarkomt, kin dy klank beskôge wurde as in frij resinte oanpassing oan it Standertnederlânsk, wylst ai en oi dêr tuskenfoarmen binne yn 'e rjochting fan dy taal. Yn 'e Eilânwestfryske dialekten binne lykwols de oarspronkliker klanken [y] (uu), fan huus ("hûs"), uut ("út") en ruke ("rûke"), en [i] (ie) fan kieke ("sjen"), diek ("dyk") en tied ("tiid") bewarre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: