Lânwestfrysk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lânwestfrysk
algemien
oare namme(n) Westfrysk
eigen namme West-Fries, West-Friesk
lânseigen yn Flag of the Netherlands.svg Nederlân
tal sprekkers ±50.000 (2004, skatting)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Westfrysk
                  ● Lânwestfrysk
dialekten Drechterlânsk, Westlik
Westfrysk
, Midden-Westfrysk,
Egmondsk

It Lânwestfrysk of Westfrysk (Westfrysk: Westfries of Westfriesk) is it Hollânske dialekt dat fan âlds sprutsen wurdt yn 'e lânstreek West-Fryslân, dy't fierhinne it noardlike part fan 'e provinsje Noard-Hollân beslacht. Dit is in taalfariant dy't dúdlik ta it Hollânsk heart, mar dêr't de oarspronklike Fryske sprektaal syn spoaren yn efterlitten hat yn 'e foarm in substraat. Mei it Eilânwestfrysk foarmet it Lânwestfrysk de bredere Westfryske dialektgroep.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 'e ein fan 'e Midsiuwen waard der yn West-Fryslân Frysk sprutsen, mar nei't greve Floaris V yn 1289 de Westfriezen ferslein en ûnderwurpen hie, waard dy taal yn in proses fan iuwen stadichoan ferkrongen troch it Hollânsk. It útstjerren fan it Frysk yn West-Fryslân krige fierhinne syn beslach yn 'e rin fan 'e fyftjinde en de sechstjinde iuw; tsjin 1600 wie it gebiet frijwol hielendal Hollânsktalich. Yn in lytse enklave dy't Skagen en omkriten omfieme, bleau lykwols noch lange tiid de oarspronklike Fryske taal bewarre, mooglik sels oant yn 'e njoggentjinde iuw. Yn 'e rest fan it gebiet, en úteinlik ek yn Skagen, ûntjoegen har troch de ferminging fan it Hollânsk mei it Fryske substraat de Lânwestfryske dialekten, dy't har krekt benammentlik fan 'e oare Hollânske dialekten ûnderskiede troch de (dúdliker) spoaren dy't it Frysk deryn efterlitten hat.

Terreinferlies fan it Frysk yn Nederlân troch de iuwen hinne.

Hjoeddeistige sitewaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de grutte ynfloed fan it Nederlânsk is it mei it Westfrysk sûnt it begjin fan 'e njoggentjinde iuw sterk yn it neigean rekke. Op in soad plakken wurdt it dialekt no allinnich noch mar yn 'e lichtste foarm sprutsen, wêrby't men suver better sprekke kin fan in regionaal kleure Nederlânsk (in regiolekt) as fan in dialekt. Boppedat ferliest it Westfrysk ûnder de jongere generaasjes almar mear terrein. Fan 'e midden fan 'e tweintichste iuw ôf is it echte dialekt beheind rekke ta de âldere generaasjes yn 'e stêden en de befolking fan 'e bûtengebieten, de min ofte mear (fan ymport út oare kontreien wei) isolearre lytse doarpkes op it plattelân. Yn dit ferbân moat opmurken wurde dat de fêstiging yn it gebiet troch in protte (âld-)marinelju (fanwegen de marinehaven fan Den Helder) yn beskate kriten in tige neidielich effekt op it trochjaan fan it dialekt oan 'e jongere generaasjes hân hat.

Der bestiet gjin offisjele stavering foar de Lânwestfryske dialekten, wat it gebrûk as skriuwtaal net sasear yn 'e wei stiet, mar dochs dreger makket. Yn 'e jierren fjirtich fan 'e tweintichste iuw hat de nasjonalistyske organisaasje West-Frieze-Styk besocht in ienheidsstavering foar alle dialekten op te stellen, dy't sterk nei oerhong nei de Akademystavering fan it (Westerlauwersk) Frysk. Dêrmei wiek dat stelsel lykwols sa sterk ôf fan hoe't men oant doe ta it Westfrysk skreaun hie, dat dy stavering nea algemien akseptearre waard. It yn 1984 útkommen Westfries Woordenboek, fan Jan Pannekeet, biedt lykwols foar moderne Westfryskskriuwers wol in beskaat hâldfêst.

Taalgeografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It taalgebiet fan it Lânwestfrysk omfiemet fierhinne de Kop fan Noard-Hollân, dêrby de lânstreek West-Fryslân en de Noardseekust fan Den Helder oant Kastrikum ynbegrepen, mar útsein it eardere eilân Wieringen, oan 'e Hollânske útein fan 'e Ofslútdyk, en de havenstêd Inkhuzen. De dialekten dy't dêr sprutsen wurde, rekkenet men nammentlik mei it Tekselsk en it no útstoarne Flylânsk ta it Eilânwestfrysk. De pas yn 1930 drûchleine Wieringermarpolder wurdt yn 'e regel likemin as in ûnderdiel fan it Lânwestfryske taalgebiet beskôge. De lju dy't har dêr nei de ynpoldering nei wenjen setten, kamen út ferskate dielen fan it lân, en krekt as letter yn 'e Noardeastpolder en de Flevopolders wie gjinien dialekt der dominant, ek it oanbuorjende Westfrysk net.

Utsjoch oer Skagen.

Lykwols hat taalkundich ûndersyk ûnder de pleatslike befolking útwiisd dat in diel fan 'e ynwenners yn elts gefal Westfryskige skaaimerken yn syn útspraak fan it Standertnederlânsk ynkorporearre, benammen de konsonantekluster sk- oan it begjin fan wurden (skool, skaap, ensfh.) ynstee fan 'e Nederlânske sch- (school, schaap, ensfh.). By in yngeand ûndersyk dat duorre fan 1936 oant 1939 waard fêststeld dat sokke ferskynsels har yn 'e útspraak fan 29,5% fan 'e polderbefolking foardiene; in heale iuw letter, yn 'e tachtiger jierren, waard der nochris in ûndersyk dien dêr't út bliek dat doe noch altyd 20,3% fan 'e ynwenners fan 'e Wieringermarpolder sa'n útspraak hiene. It giet te fier om te sizzen dat in fyfde part fan 'e Wieringermarders Westfrysk praat (want in dialekt is mear as in regionaal kleure útspraak), mar men kin op grûn hjirfan wol sizze dat it Westfrysk yn 'e Wieringermarpolder nei alle gedachten noch altyd sprutsen wurdt troch in minderheid fan 'e befolking.

Besibskip mei oare Hollânske dialekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Westfryske dialekten binne fan 'e oare Hollânske dialekten it naust besibbe oan it Saansk fan 'e Saanstreek en oan it Wetterlânsk fan 'e Noardhollânske Iselmarkust tusken Skarwâld en Durgerdam. It is gjin tafal dat dy beide dialekten ek in (sij it minder dúdlik) Frysk substraat hawwe. Oan it Kennemerlânsk, fan Alkmaar en omkriten, wêryn't dat Fryske substraat grutdiels ûntbrekt, is it Westfrysk folle minder besibbe. Wol hat it wer in protte oerienkomsten mei de Hollânsk-Fryske mingdialekten, lykas it Stedsk en it Biltsk, dy't resinter út in ferminging fan Hollânsk en Frysk fuortkommen binnen.

Subdialekten fan it Lânwestfrysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Lânwestfrysk bestiet sels ek wer út ferskate subdialekten, te witten it it Drechterlânsk of Eastlik Westfrysk, dat sprutsen wurdt yn 'e krite tusken Inkhuzen en Hoarn; it Midden-Westfrysk, dat in brede bân fan noard nei súd foarmet op 'e hichte fan Hoarn en Medemblik en dêrwei nei it westen; it Westlik Westfrysk, fan 'e Noardseekust oant de omkriten fan Skagen; en it isolearre Egmondsk of Derpers, fan Egmond oan See, dat súdliker oan 'e Noardseekust omjûn wurdt troch Kennemerlânsktalich gebiet. Fan dy fjouwer dialekten wykt it Drechterlânsk, dat in beskate ynfloed ûndergien hat fan it Eilânwestfryske Inkhústersk, yn lichte mjitte ôf fan 'e noarm. Mar de echte frjemde ein yn 't byt is it Egmondsk, dat him karakterisearret troch ûntrûning fan 'e fokalen, sadat in protte Westfryske klanken yn dat dialekt ferskood binne ta [ɛ] (e fan "pet") of [ɪ] (i fan "pit"), lykas it wurdt "doarp", dat yn it Lânwestfrysk durp is, mar yn it Egmondsk derp.

De lokaasje fan it Lânwestfrysk binnen it Westfryske dialektgebiet.

Ek binnen de subdialekten binne wer ferskillen op te merken. Sa kin immen út Skagen oan 'e útspraak fan beskate wurden daliks hearre oft in oare Westfries út Kallantseach of út Den Helder komt, ek al bringe sokke lytse aksinten op gjin inkele wize de ûnderlinge fersteanberens yn gefaar. Foar bûtensteanders binne se boppedat sa goed as ûnhearber. De dialekten fan Opperdoes en Andyk, dy't tige behâldend binne foar Lânwestfryske mjitstêven, wike wol justjes mear ôf, mar net genôch om foar swierrichheden te soargjen.

Sprekkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is net bekend hoefolle sprekkers oft it Lânwestfrysk krekt hat, mar in skatting op basis fan ynformaasje út 2004 kaam út op in oantal fan rûchwei 50.000, wat delkomt op rom 10% fan 'e befolking fan it Lânwestfryske dialektgebiet (484.000 minsken). Oare boarnen jouwe soms sifers dy't dêr in ein boppe of ûnder sitte. Sokke ferskillen kinne ferklearre wurde troch de kritearia dy't men steld by it tellen fan dialektsprekkers, want yn West-Fryslân wurdt in protte "licht dialekt" sprutsen, wêrby't it dialekt him inkeld noch fan it Standertnederlânsk ûnderskiedt troch klankferskillen lykas kaike en kijken. Kin men yn sokke gefallen noch sprekke fan in dialekt of is dat allinnich noch mar in regiolekt, in regionaal kleure fariant fan it Standertnederlânsk? De iene sil dêr faaks oars tsjinoan sjen as de oare.

Taaleigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskillen mei it Eilânwestfrysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ûnderskie tusken it Lânwestfrysk en it Eilânwestfrysk sit him deryn dat de Eilânwestfryske dialekten oer it algemien behâldender fan aard binne as it Lânwestfrysk. Sa komme de [ʌi̭] (stavere as ui), lykas yn huis ("hûs"), en ek de typysk Lânwestfryske klanken [ai̭] (ai) en [oi̭] (oi), fan kaike of koike ("sjen"; Nederlânsk: kijken) dêr net yn foar. Yn 'e Eilânwestfryske dialekten binne de oarspronkliker klanken [y] (uu), fan huus ("hûs"), uut ("út") en ruke ("rûke"), en [i] (ie) fan kieke ("sjen"), diek" ("dyk") en tied ("tiid") bewarre.

Yn it Lânwestfrysk kin de ui beskôge wurde as in frij resinte oanpassing oan it Standertnederlânsk, wylst ai en oi tuskenfoarmen binne yn 'e rjochting fan dy taal. Yn 1776 beskreau Johannes le Francq van Berkhey yn syn boek Natuurlyke Historie van Holland noch hoe't de Westfriezen fan seumerhuus seine ynstee fan zomerhuis, dat de oername fan 'e ui moat fan nei dy tiid datearje. It is trouwens net sa dat de klankferskowing nei de ui algemien west hat; yn alle Lânwestfryske dialekten komme noch wol reliktwurden foar as tuutje ("tute"; Ned.: tuitje) en buul ("bûdel"; Ned.: buidel).

Oerienkomsten mei it Frysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nettsjinsteande it plurifoarme karakter fan it Lânwestfrysk bestiet der dochs in beskate taalienheid, fral as it tige ôfwikende Egmondske dialekt bûten beskôging litten wurdt. Sa is de ûntrûning fan it lûd [œ] (u fan "put") in ferskynsel dat yn alle Lânwestfryske dialekten foarkomt, lykas yn 'e wurden breg ("brêge"; ferlykje Nederlânsk: brug); meg ("langpoat"; Ned.: mug) en kneppel ("kneppel"; Ned.: knuppel). Oan it lêste foarbyld kin sjoen wurde dat it Aldfrysk in selde ûntwikkeling trochmakke hie, wylst ek it Siuwsk en Westflaamsk dit ferskynsel kenne. In oare Westfryske klankûntwikkeling hat laat ta de ferskowing fan 'e oarspronklike [ɛ] (e fan "pet") nei de [a] (a fan "bar") yn wurden dêr't dy klank foar in r foarkomt, lykas yn karsemis ("kryst"; Ned.: kertsmis), darde ("trêde"; Ned.: derde) en harses ("harsens"; Ned.: hersens).

Oare mienskiplike skaaimerken fan 'e Lânwestfryske dialekten geane streekrjocht werom op it Fryske substraat. Sa ûntbrekt by mulwurden it Hollânske foarheaksel ge-, wurdt de Hollânske konsonantekluster sch- ferfongen troch sk-, lykas yn skool ("skoalle"; Ned.: school), en bestiet yn guon dialekten de útgong fan eigenskipswurden op -sk noch: Noôrd-Hollandske ("Noardhollânske"; Ned.: Noord-Hollandse). Dy lêste útgong komt men ek noch op oare plakken tsjin, lykas yn waske ("waskje"; Ned.: wassen), al jildt dit ferskynsel yn 'e measte Lânwestfryske dialekten tsjintwurdich as argaysk. Noch in oerienkomst mei it Frysk is dat guon haadwurden yn it Westfrysk in oar grammatikaal geslacht hawwe as yn it Nederlânsk en de oare Hollânske dialekten. Sa is it de knoin ("de knyn"; Ned.: het konijn).

Ek op it mêd fan 'e grammatika besteane der noch oerienkomsten tusken it Frysk en it Westfrysk. Sa sizze Westfriezen bgl. eterstaid, mei as grûnwurd "eter", ynstee fan it Nederlânske etenstijd, mei as grûnwurd eten. Ek it Frysk hat "iterstiid", al komt "itenstiid" teminsten likefolle foar. Fierders brûke Westfriezen in protte it efterheaksel -igheid as it Nederlânsk gewoan -heid efter in wurdt sette soe; ferlykje nuwigheid ("nijichheid"; Ned.: nieuwheid). Hoewol't it meartal yn it Lânwestfrysk altyd op -e foarme wurdt (dus ien peerd, twa peerde, "hynders"), krije haadwurden mei de útgong -ing krekt as yn it Frysk yn it meartal in -s: vergârings ("gearkomsten"; Ned.: vergaderingen). Yn 'e sinsbou komt fierders ek dúdlik de Fryske ynfloed oan it ljocht: ik hew moin huis skulderen leiten ("ik haw myn hûs skilderje litten"; Ned.: ik heb mijn huis laten schilderen). De tiidwurden gaan ("gean") en staan ("stean") behâlde yn 'e earste persoan inkeltal ek krekt as yn it Frysk de foarm fan it hiele tiidwurd: ik gaan en ik staan ("ik gean" en "ik stean"; Ned.: ik ga en ik sta). Wat aparter, yn ferliking mei it Frysk, is dat by de ferbûging fan tiidwurden de twadde persoan inkeltal in meartalsfoarm kriget: jai loupe ("do rinst"; Ned.: jij loopt). Mar yn 'e hoflikheidsfoarm komt ek dat ferskynsel wer yn it Frysk foar; "jo rinne".

Foarbylden út it leksikon[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferlykje yn 'e ûndersteande tabel de Westfryske foarmen mei har Nederlânske en Fryske ekwifalinten.

Frysk Westfrysk Nederlânk
aai aâi ei
fansels vezélf natuurlijk
fierder vedder verder
fiif foif vijf
hûn heun hond
ien ien een
jarre ier gier
jûn eivend avond
knyn knoin konijn
Frysk Westfrysk Nederlânk
lyts lutje
kloin
klein
net neit niet
oars aârs anders
sjen litte zien leite laten zien
sliepe sleipe slapen
swipe zwuup
zweep
zweep
twa twei twee

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Berns, Jan, en Steusel, Sanne, Noord-Hollands, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 161.
  • Pannekeet, Jan, Het Westfries: Inventarisatie van Dialectkenmerken, Wormerveer, 1991 (St. Uitgeverij Noord-Holland), ISBN 9 07 11 23 359.
  • Pannekeet, Jan, Westfries Woordenboek, Wormerveer, 1984 (St. Uitgeverij Noord-Holland), ISBN 978-9 07 11 23 016.
  • Scholtmeijer, Harrie, Utrechts, Veluws en Flevolands, De Haach, 2002 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 90 087 (oer it taalgebrûk yn 'e Wieringermarpolder).