Springe nei ynhâld

Polder

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ynpoldering)
Polder
Poldermole, tink om it ferskil yn wetterhichte foar en efter de mûne
Noardeastpolder, ynpoldere tusken 1936 en 1942, ûnderdiel fan de suderseewurken

In polder is in gebiet dat leger leit as it omlizzende wetter en wêrfan de wetterhichte keunstmjittich regele wurde kin. Polders wurde oer it generaal trochkruse mei wettergongen. Foar de wetterhúshâlding is it needsaaklik dat de sleattten goed trochstreame kinne. Om hjir wis fan te wêzen wurde de sleatten twarris yn it jier skôge: der wurdt kontrolearre oft it wetter djip gwenôch is en oft der gjin wetterplanten yn it wetter stean. Eigeners fan lân oan de sleatten binne ferplichte om harren sleatten te skôgjen.

In polder is in wettersteatkundige ienheid, dat wol sizze dfat it gjin ferbining hat mei it bûtenwetter útsein middels keunstwurken. In poldermole of gemaal (bytiden mear as ien) regelt it polderpeil; troch ynlitten kin (farsk) wetter binne litten wurde. In polder is omjûn troch in wetterkearing.

Yn dielen fan in polder kin in heger peil hantearre wurde. Dit wurdt rigele troch keardamen.

Nederlân hat ûngefear 3000 polders. Der bestean ferskate foarmen. De trije wichtichste binne de drûchmakkerij, de yndiking en de ûntginning. In drûchmakkerij is in ynpoldering fan iepen wetter, bygelyks in mar of plasse, dy't letterlik drûchmakke is. In yndiking is in ynpoldering fan tijgebiet oan de kust of in rivier. Hjirby giet it om in gebiet dat al periodyk drûchfoel en troch yndiking definityf drûch bliuwt en yn kultuer brocht wurde kin. Oan de kust giet it meastentiids om kwelders, oan de rivier om eardere uterwaarden. In ûntginning is yn kultuer brochte woaste grûn, bygelyks in eardere sompe-, fean-, heide- of dúngebiet. Dat hoecht gjin polder te wêzen: hjir is allinnich sprake fan as it gebiet permanint bemeald wurde moat.

Yn Flaanderen wurdt de term polder ek brûkt om it iepenbier bestjoersorgaan oan te tsjutten, dat belêste is mei de wetterhúshâlding yn in poldergebiet. Dit is fergelykber mei in wetterskip yn Nederlân. De streek De Polders strekt him yn West-Flaanderen oer it efterlân fan de Belgyske kust út fan Noard-Frankryk oant Siuwsk-Flaanderen, en oer it noarden fan de provinsje East-Flaanderen.