Uterwaard

Ut Wikipedy
Trochsnee fan in rivierbêd mei uterwaarden

In uterwaard is de geomorfilogyske oantsjutting fan it lân tusken in winterdyk en it bêd fan in beek of rivier. De primêre funksje fan de uterwaard is wetterhúshâldkundich. It is de romte dy 't de rivier nedich hat om tydlike pykôffier oan te kinnen. Yn perioaden fan grutte wetterôffier strûpe de uterwaarden oant de winterdiken ûnder. Gebieten yn it winterbêd dy 't in part fan it jier ûnder wetter stean wurde broeken neamd.

Uterwaarden komme in soad foar lâns de ferskate tûken fan de grutte rivieren yn de Ryn-Maasdelta yn Nederlân.

Uterwaarden ûntstiene nei it bedykjen fan de rivieren yn de midsiuwen. Slinken binnen de uterwaarden hjitte strang of hank. Troch de uterwaarden oan 'e rivierkant fan in (lege) simmerdyk te foarsjen wurdt de frekwinsje fan oerstreamen beheind. Soks is benammen wichtich foar it gebrûk as greide foar fee. Ynsidintele befloeiïng yn de wintermoannen waard eartiids troch de boeren ferwolkomme omdat it sedimint de fruchtberens fan de grûn befoardere. Somtiden binne yn uterwaarden boerebedriuwen op pôlen of terpen boud. Ek stienfabriken fêstigen har der faak; se dolden der de rivierklaai dy't nedich wie op.

Natuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de ein fan de tweintichste iuw waarden de measte stienfabriken sletten en wurde de marginale lânbougrûnen hieltyd faker oanwiisd as natuerûntwikkelingsgebiet sadat op guon plakken de wiete bosken, yn't Nederlânsk Ooibossen, dy't fan natuere by de rivier hearre har wer ûntwikkelje kinne. Grutte parten fan de uterwaarden fan de rivieren yn Nederlân binne oanwiisd as Natura 2000 gebiet. [1] Wat breder in uterwaard, wat grutter de wetterbergingskapasiteit en wat heger de natuerwearde wêze kin.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: