Oerlis:Uterwaard
Appearance
Ooibos
[boarne bewurkje]Achte meidoggers. Bestiet der in Fryske oantsjutting fan Ooibos? Drewes (oerlis) 10 nov 2023, 19.22 (CET)
- @Drewes: Goejûn. Ooibos, dêr hie ik noch nea fan heard. Ik nim oan dat jo al op Frysker sjoen hawwe. As se it dêr ôfwitte litte, dan wit ik it ek net. Dan sille we it gewoan omskriuwe moatte as "rivierbosk" of "rivierwâld". Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 nov 2023, 23.59 (CET)
- @Drewes en Ieneach fan 'e Esk: it WFT helpt ek al net (al fine jin yn in it ONW wol út dat ek ōstarōi (*Oosterooi, Oostergo), sūtharōi (*Zuiderooi, Zuidergo) en westarōi (*Westerooi, Westergo) mei dat ooi yn ferbân steane, kepp.). Hjoed haw ik immen dy't der ferstân fan hat frege en hy tocht ek dat hjir yn it Frysk gjin wurd foar bestiet. Rivierwâld like ús wat te wrydsk, it sil hjir meast gean om beammen en beamkes dy't in soad fan wetter hâlde, wylgen en sa. Dêr komt ornaris gjin wâld fan. Net oersette kin fansels ek. Wutsje 13 nov 2023, 04.20 (CET)
- Wâld yn 'e Fryske betsjutting giet net oer grutte swiere bosken. De Dikke Van Dale jout ek noch it synonym Moerasbos. Miskien is 'sompewâld' in mooglikheid.Lytsewâld-Augsbuert (oerlis) 13 nov 2023, 16.08 (CET)
- @Drewes en Ieneach fan 'e Esk: it WFT helpt ek al net (al fine jin yn in it ONW wol út dat ek ōstarōi (*Oosterooi, Oostergo), sūtharōi (*Zuiderooi, Zuidergo) en westarōi (*Westerooi, Westergo) mei dat ooi yn ferbân steane, kepp.). Hjoed haw ik immen dy't der ferstân fan hat frege en hy tocht ek dat hjir yn it Frysk gjin wurd foar bestiet. Rivierwâld like ús wat te wrydsk, it sil hjir meast gean om beammen en beamkes dy't in soad fan wetter hâlde, wylgen en sa. Dêr komt ornaris gjin wâld fan. Net oersette kin fansels ek. Wutsje 13 nov 2023, 04.20 (CET)
In sompebosk is in nl:Broekbos, dat is dochs wat oars. Net oersette kin fansels ek, dat ik lit rivierbosk(jes) stean. Drewes (oerlis) 13 nov 2023, 18.22 (CET)