De Haukes

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Haukes
Himrik fan De Haukes
Provinsje Flag of North Holland.svg Noard-Hollân
Gemeente Hollands kroon vlag.svg Hollâns Kroan
Ynwenners (2021) 140 [1]
Koördinaten 52°53'18"N 4°56'10"E
Netnûmer 0227
Postkoade 1777
Webstee Unbekend

De Haukes is in plak yn de gemeente Hollâns Kroan yn de provinsje Noard-Hollân.

De Haukes leit yn it súdwesten fan it eardere eilân Wieringen. De plaknamme is ôflaat fan de beneaming foar mienskiplike grûn of it is in ferwizing nei leech lizzend sompich lân. Yn 1840 wennen der mar 20 ynwenners yn it plak, tsjintwurdich binne it der likernôch 140 (2021).

Haven[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Haukes hie de haven fan Wieringen, mar groeide troch de iuwen hinne net út ta in echt doarp. It oanbuorjende Westerlân die dat al en hat ek in eigen tsjerke. No leit de haven fan De Haukes oan de Amstelmar. Yn it begjin fan de 20e iuw, doe't de Amstelmar noch net bestie, wie De Haukes in oanlisplak foar de fearboat, dy't it stoomspoar (stoomtram) Skagen-Wieringen kompleet makke; dy ferdwûn úteinlik. Ek wie der doe noch in postboat, mar mei it oanlizzen fan de Ofslútdyk en de wei dêrhinne ferdwûn it nut fan de boat. Tsjintwurdich herinnert allinnich it biljertkafee 'De Postboat' noch oan de boat. De haven is no fral fan belang foar wettersporters en rekreanten.

Wierskuorre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Haukes is it ienige plak op Wieringen dêr't noch in typyske âlde wierskuorre te sjen is. It is in grutte houten skuorre mei swart tarre planken. Yn dit soarte skuorren waard wier (eigentlik seegers) yn balen opslein. Faak waarden yn de wierskuorren de balen ek parse. In orizjinele wierskuorre is fersetten nei it Suderseemuseum yn Inkhuzen. Ek steane yn De Haukes eineboeten, dêryn waarden einen hâlden en de aaien waarden ferkocht oan de grutte koekefabriken. Tsjintwurdich stean se leech of se hawwe in oare bestimming krigen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: