Oude Niedorp

Ut Wikipedy
Oude Niedorp
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Hollâns Kroan
Sifers
Ynwennertal 390 (2020) [1]
Oerflak 4,1 km²
lân 3,99 km²
wetter 0,12 km²
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 52° 43′ 4″ N, 4° 52′ 19″ E

Oude Niedorp (Frysk: Alde Nijdoarp);[2] West-Frysk: Ouwe Nierup) is in doarp yn de Noard-Hollânske gemeente Hollâns Kroan. Oude Niedorp wie oant 1970 in selsstannige gemeente, dêr't ek de doarpen 't Veld en Zijdewind (Frysk: It Fjild en Sydweind)[3] ûnder foelen.

It doarp krige yn 1415 tegearre mei it oare doarp, Nieuwe Niedorp, stedsrjochten ûnder de namme 'Stede Niedorp'.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it jier 1206 waard der praat oer 'Nyedorp', dat tsjutte op in nije wenkearn. It plak waard yn 1298 Oudeniedorp neamd, itjinge der op wiist dat der noch in kearn ûntstean wie dy't Nieuwe Niedorp neamd waard. De namme Niedorp soe ek in gearlûking wêze kinne fan Ten-iedorp, dat wetterdoarp bestjut.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Oude Niedorp is de ruïnetsjerke it besjen wurdich. De midsiuwske tsjerke baarnde yn 1977 nei bliksemynslach ôf en waard net wer opboud. Dêrnjonken stiet yn it doarp de nôtmûne 'De Hoop'. De mûne is yn 1641 boud en noch mealfeardich.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Nij Frisia, maart 2015, side 20
  3. Nij Frisia, maart 2015, side 20