Westerland (Noard-Hollân)

Ut Wikipedy
Westerland (Noard-Hollân)
Himrik fan Westerland (Noard-Hollân)
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Hollâns Kroan
Ynwenners (2021) 915 [1]
Koördinaten 52°53'38"N 4°55'52"E
Netnûmer 0227
Postkoade 1778
Webstee Unbekend

Westerlân (offisjeel: Westerland) is in doarp yn de Noard-Hollânske gemeente Hollâns Kroan.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Westerlân is it meast westlike doarp fan it eardere eilân Wieringen. By it doarp leit ek it heechste punt fan Wieringen, dat 13 meter boppe NAP is. It doarp ûnstie stadichoan troch lintfoarmige bebouwing op en tsjin de driuwwâlen, resten fan de op ien nei lêste iistiid. Westerlân is ek ien fan de âldere plakken fan Wieringen.

It diel fan Westerlân westlik fan de tsjerke stie eartiids bekend as 'it Skrale Ein', om't it dêr nochal earmoedich wie. De namme bestiet noch, mar it is tsjintwurdich in populêr gebiet om te wenjen.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nikolaastsjerke
De Wikipedy hat ek in side Nikolaastsjerke (Westerland).

De protestantske tsjerke fan it doarp is de oarspronklik oan Nikolaas fan Myra wijde tsjerke. De toer is 15e-iuwsk, mar it skip waard yn de 19e iuw werboud, nei't de oarspronklike tsjerke brekfallich woarn wie. Der stie al yn de 12e of 13e iuw in tsjerke, mar bewiis foar in krekte datearing bestiet der net.

Oan it westlike begjin fan it doarp stiet de villa 'Waterkeer'. Dy villa waard boud foar Cornelis Lely, dy't lykwols al gau nei de foltôging ferstoar. Neitiid is de villa noch brûkt as pension.

Noardwestlik fan it foar by it fiadukt stiet it monumint ta neitins fan de slachtoffers fan de Twadde Wrâldkriich. Súdwestlik fan it doarp leit de Amstelmar mei it Lutjestrand (Lytse strân).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: