Nikolaastsjerke (Westerland)
Nikolaastsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Hollâns Kroan | |
plak | Westerland | |
adres | Westerlanderweg | |
koördinaten | 52° 53'N 4° 55'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Nikolaas fan Myra | |
Arsjitektuer | ||
boujier | toer: ier 16e-iuwsk skip: 1828 | |
boustyl | Gotyk (toer) | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | tsjerke 38937 [1] toer: 38936 [2] | |
Webside | ||
Side Protestantske gem. Wieringen | ||
Kaart | ||
De Nikolaastsjerke is de tsjerke fan it doarp Westerland yn de Noard-Hollânske gemeente Hollâns Kroan. De tsjerke giet werom op de 12e of 13e iuw, mar it âldste diel fan it hjoeddeiske gebou is de ier 16e-iuwske toer, wylst de tsjerke 19e-iuwsk is.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike oan Nikolaas fan Myra wijde romaanske tsjerkje stie op in ferhege tsjerkhôf. Yn 1778 besocht de skilder Pieter van Cuyck it eilân en dy beskreau de tsjerke as in dowestiennen tsjerkje mei in frijsteande stompe toer. De midsiuwske tsjerke waard yn de 19e iuw ôfbrutsen en yn 1826-1828 waard tsjin de âlde toer in lyts eklektysk sealtsjerkje mei in trijesidich koer oanboud. It âldste diel fan 'e toer datearret út it begjin fan de 16e iuw. De toer is letter ophege en mei in piramidedak ôfsletten. Eartiids lei by de tsjerke in galgefjild.
Yn de toer hinget in klok dy't troch J. Godefridi yn 1510 getten is. De klok waard yn de Twadde Wrâldkriich foardere, mar is neitiid werom kommen.
Yn 1953 waarden by de tsjerke in pear 12e-iuwske sarkofagen fûn. Ien dêrfan is nei de tsjerke fan Hippolytushoef brocht, de oare nei it Aldheidkundich Museum op Skoklân. Fragminten fan oare fynsten bleaune yn Westerland.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke hat in ienfâldige preekstoel út it begjin fan 'e 19e iuw mei in koperen 17e-iuwske kroantsje.
Van Cuyck skreau oer syn besite oan de tsjerke dat der sarken en deakisten stiene, dy't fersierd wiene mei reliëfs, wêrfan't de betsjutting ûndúdlik wie. Neffens de skilder soene dy út de tiid fan de Wytsings datearre ha. De stiennen binne sûnder ûndersyk yn it ferline ferlern gien.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel komt oarspronklik fan 'e yn 1952 boude Ingelske Tsjerke oan de Ary van der Spuyweg yn De Haach en waard troch Pels boud. Oan it begjin fan 'e jierren 1960 waard dat oargel ferfongen troch in grutter Pels-oargel en it oerstallige lytse oargel waard doe ferkocht oan de herfoarme gemeente fan Westerland, dêr't it tsjintwurdich op de westlike kreake stiet. It oargel besit 17 registers op twa manualen en pedaal.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|