Barsingerhorn
Barsingerhorn | ||
Riedshûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Hollâns Kroan | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 915 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 1768 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 47'NB, 4° 50'EL | |
Kaart | ||
Barsingerhorn (Westfrysk: Barregórre) is in lintdoarp yn 'e gemeente Hollâns Kroan yn 'e provinsje Noard-Hollân. It hat iuwenlang in twillingdoarp west mei Haringhuizen. Dy doarpen foarmen ea de stêd Barsingerhorn.
Barsingerhorn hat 915 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp waard foar it earst yn 1288 neamd. De namme komt fan 'e âlde foarmen Bersingerhorne en Bersincshorne en is ôflaat fan 'e namme Barse. Horne betsjut hoeke of úthoeke.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1415 krigen Barsingerhorn (dêr't ek Kolhorn ûnder foel) en Haringhuizen tegearre stedsrjochten. De stêd wie ien fan in folle grutter oantal Westfryske plattelânsstêden. Sûnt 1811 wie Barsingerhorn gjin stêd mear, mar in gemeente. Yn 1970 fûn in nije weryndieling plak en waard Wieringerwaard by de gemeente foege. Wieringerwaard waard yn 1990 by de gemeente Anna Paulowna yndield, wylst de oare doarpen by gemeente Niedorp foege waarden. Beide gemeenten binne yn 2012 opheft en hjoed-de-dei heart Barsingerhorn by de gemeente Hollâns Kroan.
Ut 1622 datearret it rjochtshûs fan de stêd Barsingerhorn, dat oant 1730 dy funksje hie en letter it riedshûs fan 'e gemeente Barsingerhorn waard.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De protestantske Laurenstsjerke waard yn 1574 oan 'e Hearewei boud. Dy tsjerke waard yn 1641 yn it plak fan in âldere foargonger op 'e nij boud. Fynsten fan sarkofagen wize út dat de oarspronklik oan Laurentius fan Rome wijde tsjerke al om 1200 bestien hat. Om 1900 hinne waard de doe boude toer ferfongen troch in nije toer. De âlde tsjerke waard yn 1968 ôfbrutsen en de toer mei eksplosiven opblaasd. De klok fan 'e bruorren Hemony hinget sûnt yn 'e tsjerke fan Buiksloot. De pastorij waard yn 1968 ferboud ta in tsjerkeseal en aula. Hjoed-de-dei is de eardere pastorij yn gebrûk as wente.
De fermanje fan Bersingerhorn datearret fan 1862. De tsjerke die oant 1972 tsjinst en is neitiid ek ta wenhûs ferboud.
Beskerme doarpssicht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In grut diel fan it doarp is sûnt 27 april 1993 beskerme. It wie it earste en iennige doarp dat de status fan beskerme doarpssicht krige fan 'e Deputearre Steaten fan 'e provinsje Noard-Hollân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|