Oosterland (Wieringen)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
LocatieWieringen.png
Map NL - Wieringen - Oosterland.png
Oosterland
Tsjerke yn Oosterland

Oosterland is in doarp yn de gemeente Wieringen yn de provinsje Noard-Hollân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik wie Oosterlandit meast eastlike doarp fan Wieringen. Hoewol't it eilân nea wanneljen gien is groeide it oan de eastkant wol hieltiten oan. It tsjerkedoarp Eastyerlân sil dan oarspronklik in oanlisplak hân hawwe, mar 'de ouwer' kaam hieltiten fierder fuort te lizzen. Yn de 14e en/of 15e iuw ek op De(n) Oever wenjen gien en is it havendoarp mei deselde namme ûntstien.

De Michaëltsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hjoeddeiske dowestiennen tsjerkegebou komt út de 12e iuw en is in fraai foarbyld fan de romaanse bouwstyl. By de restauraasje yn de jierren njoggentich waarden yn it koer fan de tsjerke spoaren fan in houten tsjerkje út de 9e of 10e iuw fûn. Yn de rekonstruearre krypt fan de Michaeltsjerke binne noch in sarkofaach (10e iuw) en trije bûnstsânstiennen sarkofagen (12e en 13e iuw), út it tsjerkhôf fan de tsjerke.

De eardere pastorij fan de Michaeltsjerke wie it ferbliuwplak fan de Dútse kroan, Friederich Wilhelm fan Hohenzollern, dy't hjir tusken 1918 en 1923 in ballingskip wenne. De Dútse keizer en syn famylje krigen nei de Earste Wrâldoarloch asyl yn Nederlân. De keizer wenne yn Doorn en soan Friedrich Wilhelm waard ferband nei Wieringen.

Berne yn Oosterland[bewurkje seksje | boarne bewurkje]