Springe nei ynhâld

Nieuwe Niedorp

Ut Wikipedy
Nieuwe Niedorp
Alde gemeentehûs.
Alde gemeentehûs.
Emblemen
Bestjoer
provinsje Noard-Hollân
gemeente Hollâns Kroan
Sifers
Ynwennertal 3.320 (1 jannewaris 2023)
Oar
Koördinaten 52° 44 'NB, 4° 54 'EL
Kaart
Nieuwe Niedorp (Hollâns Kroan)
Nieuwe Niedorp

Nieuwe Niedorp (Westfrysk: Naaie Nierup, Frysk: Nije Nijdoarp[1]) is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Hollâns Kroan. By it doarp heart ek de útbuorren Terdiek.

It doarp hat 3.320 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Ynwenners fan it doarp wurde foar dotten útmakke. Nei alle gedachten is de skelnamme fan it Westfryske wurdt kladodders ôflaat. Dat betsjut 'pas utbrette fûgel', bygelyks in do of protter.

Yn 1206 waard de namme Nyedorp neamd, itjinge tsjutte soe op in eardere, mar op 'e nij stifte wenkearn. Ut dy wenkearn ûnstiene twa kearnen en yn 1298 wie der in âlde (Alde Nijdoarp) en nije (Nije Nijdoarp) kearn. In oare mooglikheid is dat de doarpsnamme in gearlûking is fan Ten-iedorp, itjinge wetterdoarp betsjut. Yn dat gefal soe de plaknamme ferwize nei it ûntstean fan in nij wetterdoarp.

Tegearre mei it doarp Alde Nijdoarp krige Nije Nijdoarp yn 1415 ûnder de namme Stede Niedorp stedsrjochten.

De midsiuwske krústsjerke.

Lykas de measte doarpen yn 'e kop fan Noard-Hollân wie it doarp tradisjoneel yn mearderheid frijsinnich. Tusken 1894 en 1929 hie it doarp in herfoarme dûmny, dy't lannelik bekend wie as ien fan 'e reade dûmny's. Dy Nicolaas Schermerhorn wie in oantroude neef fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis. Tegearre mei Nieuwenhuis wie hy ien fan 'e oprjochters fan 'e Anti-Militaristische Vereeniging, en fan 1910 oant 1923 wie de dûmny redakteur fan De Wapens Neder. Hy skafte ek de sneinstsjinsten ôf en ferskode dy nei jûntiden op woansdei, de doop en it tradisjonele bidden en foar syn antymilitaristyske aktivisme waard de man yn 1916 fyftjin dagen finzen set. Fanwegen de frijsinnigens fan it doarp joegen de konflikten mei de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke oer syn anargistyske oertsjûgings net ta in útsetting út it amt. Krekt oarsom, doe't syn opfolger wat al te dryst besocht om in mear tradisjonele lear yn te fieren, waard dy yn twa jier tiid troch de tsjerkeried twongen op te stappen. Dûmny Schermerhorn spile ek in rol foar de kristen-anargistyske kommune of lânboukoloanje dy't in heale iuw sûnt 1903 of 1904 yn it doarp bestie.

Ek letter bleau it doarp in lofts doarp, lykwols noch net sa bot as de oanbuorjende doarpen Winkel en Barsingerhorn. Tusken 1946 en 1956 helle de PvdA yn it doarp mear as de helte fan alle stimmen en yn 1946 en 1948 stimde 15% kommunistysk, wylst de pasifisten tusken 1959 en 1963 12% fan 'e stimmen hellen. Ek yn 1967 wie it doarp mei Winkel en Barsingerhorn noch ien fan 'e PSP-bolwurken. Read is it doarp hjoed-de-dei net mear en partijen as PVV, BBB en VVD ha meiïnoar in oanhing, dy't folle grutter is as de kombinaasje PvdA/GL (sifers Europeeske Ferkiezings, 2024).

Oant 1970 wie Nieuwe Niedorp in selsstannige gemeente. Yn dat jier waard it doarp ûnderdiel fan 'e gemeente Niedorp, dy't yn 2012 wer opgie yn 'e gemeente Hollâns Kroan.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte ryksmonuminten steane oan 'e Doarpsstrjitte. De skutslûs by de Easterwei datearret út 1684.

Letgoatyske tsjerketoer.

De skeve tsjerketoer is let 15e-iuwk en hat in klok dy't yn 1653 getten is. De 13e-iuwske oan Martinus fan Tours wijde tsjerke fan dowestien waard ferfongen troch in krústsjerke. Yn 'e 2e helte fan 'e 14e iuw waard it koer fan dy krústsjerke boud en rillegau dêrnei krige de tsjerke in dwersskip en trije skippen. De toer folge om 1500 hinne. Yn 1875 waard dy krústsjerke fanwegen brekfalligens ôfbrutsen en op 29 juny 1876 folge it lizzen fan 'e earste stien foar in nij tsjerkegebou, dat yn 1967 ek fanwegen brekfalligens ôfbrutsen waard. De tsjerketoer bleau yn beide gefallen stean.

Krekt bûten it doarp stiet in kleasterkompleks, dat yn 1907 boud is as in Fransiskaansk missypunt. Njonken in oplieding foar bûtenlânske preesterstudinten is der in parochytsjerke en in Marijekapel.

De Westermûne oan 'e Oosterweg is in grutte mealreeë poldermûne en troch frijwilligers brûkt wurdt om de Oosterpolder te bemeallen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nij Frisia, maart 2015, side 20

Gemeente Hollâns Kroan
Doarpen:
Anna PaulownaBarsingerhornBreesânDen OeverHaringhuizenHippolytushoefKolhornKreilKreileroordLutjewinkelMiddenmeerNieuwe NiedorpNieuwesluisOosterlandOude NiedorpSlootdorpStroeVan Ewijcksluis't VeldWesterlandWieringerwaardWieringerwerfWinkelZijdewind
Utbuorrens:
De HaukesKleine SluisMoerbeekVatropVerlaat (foar in part) • Westerklief
· · Berjocht bewurkje