Springe nei ynhâld

De Westermolen (Nieuwe Niedorp)

Ut Wikipedy
Westermûne
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Hollâns Kroan
plak Nieuwe Niedorp
adres Oosterweg 6
koördinaten 52°44' N 4°53' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 27 m
boujier 1854
oare ynformaasje
eigner Hoogheemraadschap Holl. Noorderkwartier
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 30387
Kaart
De Westermolen (Hollâns Kroan)
De Westermolen

De Westermûne is in poldermûne oan 'e Oosterweg yn it Noard-Hollânske Nieuwe Niedorp.

It Hoogheemraadschap Hollands Noorderkwartier is eigner fan 'e mûne. De mûne wurdt bewenne en is net iepen foar publyk.

It is wis dat der yn alle gefallen al yn 1557 wynbemealling yn it gebiet fan 'e Oosterpolder wie. Oant likernôch 1734 wiene De Alde Mûne en de Nije Mûne bekend, dy't east fan Lutjewinkel stienen, dêrnei waard ek de Westermûne neamd. De Alde Mûne waard yn 1856, nei skea troch in stoarm in skoft stilstien te hawwen, foar de sloop ferkocht.

De nei alle gedachten yn 'e twadde helte fan 'e 17e iuw boude Westermûne baarnde yn 'e nacht fan 18 nei 19 febrewaris 1854 nei it ynslaan fan 'e bliksem ôf. Oars as syn foargonger krige de ferfangende mûne gjin skeprêd, mar in fizel en yn 1875 krige de mûne in izeren as en izeren roeden. De Nije Mûne waard yn 1893 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in stoomgemaal.

Yn 1950 waard njonken de Westermûne in elektrysk gemaal boud, dat it stoomgemaal ferfong. Stadichoan waard de mûne minder brûkt en sûnt 1968 waard allinne noch op elektrysk mealle.

Tusken 1975 en 1978 waard de Westermûne restaurearre. By dy restauraasje krige it wjukkekrús it systeem Fauël op alletwa roeden. Dat wie nedich om't it polderpeil ferlege wie en de mûne it wetter heger opfiere moast. Ek moast de skroef langer makke wurde.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wynmûnen yn 'e gemeente Hollâns Kroan
De Hoop (Den Oever)De Hoop (Oude Niedorp)De Hoop (Wieringerwaard)LeonideDe Onderneming (Hippolytushoef)De Westermolen (Nieuwe Niedorp)
· · Berjocht bewurkje