Springe nei ynhâld

Leonide (Anna Paulowna)

Ut Wikipedy
Leonide
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Hollâns Kroan
plak Anna Paulowna
adres Kneeskade 1C
koördinaten 52°51' N 4°50' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
flecht 20 m
boujier 2002
Kaart
Leonide (Hollâns Kroan)
Leonide

Leonide is in mûne yn Anna Paulowna yn 'e Noard-Hollânske gemeente Hollâns Kroan. De mûne stiet oan 'e Kneeskade súdeast fan it doarp oan it Hege Alde Fear en waard yn 2002 mei âlde ûnderdielen fan oare mûnen as wente boud.

It achtkant is ôfkomstich fan 'e eardere poldermûne 'De Zeemeeuw' út it Grinslânske Uthuzen. Dy mûne wie dêr yn 1892 foar it bemeallen fan 'e Lauwerpolder boud en sûnt 1935 ûnttakele, wylst it achtkant pas yn 1988 ferwidere en dêrnei opslein waard. De boppe-as is fan in yn 1960 ôfbrutsen wipmûne út Hazerswoude-Rijndijk. Ynearsten soene dy ûnderdielen brûkt wurde om de yn 1955 ôfbaarnde stellingmûne 'Windlust' yn Riich by Kleasterbuorren yn Grinslân te werbouwen, dêr't in mûnestifting ein jierren 1980 krewearre foar it oprjochtsjen fan in mûnemuseum mei ferskillende mûnetypen. Dy plannen gyngen net troch en de yn Grinslân bewarre ûnderdielen binne doe ferkocht oan mûnemakker Hiemstra yn Tsjummearum, dy't se wer trochferkocht foar de bou fan 'e Leonide.

Alhoewol't de lânskiplike wearde fan 'e mûne tige grut is, hat de mûne fierder gjin funksje. De mûne kin draaie, mar mei útsûndering fan it boppetsjil is der fierder gjin geande wurk oanwêzich.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wynmûnen yn 'e gemeente Hollâns Kroan
De Hoop (Den Oever)De Hoop (Oude Niedorp)De Hoop (Wieringerwaard)LeonideDe Onderneming (Hippolytushoef)De Westermolen (Nieuwe Niedorp)
· · Berjocht bewurkje