Springe nei ynhâld

De Onderneming (Hippolytushoef)

Ut Wikipedy
De Onderneming
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Hollâns Kroan
plak Hippolytushoef
adres Koningsweg 75
bysûnderheden
type bouwurk nôtmûne
boujier 1851
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 38925 [1]
offisjele webside
De Onderneming op de stifting 'De Wieringer Molens'

De Onderneming is in reiddutsen nôtmûne yn it Noard-Hollânske doarp Hippolytushoef.

De mûne waard yn 1851 as in nôt- en pelmûne boude achtkante boppekruier. Nei't yn de jierren 1920 earder it pelwurk al ferwidere waard, rekke de mûne yn de jierren 1930 bûten gebrûk, mar de omstannichheden fan de Twadde Wrâldkriich makken dat de mûne reparearre en op 'e nij ynset waard. Nei de kriich bleau de mûne oant 1950 wurkjen.

Yn 1952 kocht de stifting 'Oud Wieringen' de mûne oan. Yn de jierren 1960 folge in restauraasje fan de bûtekant, mar yn 2000 is de mûne mei in grutte restauraasje ek wer mealree makke.

De wjukkefoarm is âld-hollânsk en de flecht 19,75 meter. Op de souder dêr't it earder pelwurk stie is hjoed-de-dei in koekebrekker.

Oant likernôch 1970 stie de mûne noch frij fan bebouwing en beammen. Sûnt is it biotoop foar de mûne der net better op wurden. Oarspronklik hie de mûne trije koppels mealstiennen. Dat binne der tsjintwurdich noch twa. Yn 2019 binne twa nije roeden stutsen.

De mûne is hjoed-de-dei ien fan de twa mûnen fan de feriening 'De Wieringer Molens'. De oare mûne fan de feriening is 'De Hoop' yn Den Oever.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: