Dirck Rembrandts van Nierop
Dirck Rembrantsoan van Nierop (Nieuwe Niedorp, 1610 - dêre, 4 novimber 1682) wie in 17e-iuwske Nederlânske wiskundige, astrolooch en in fermoanner.
Betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy hat mear as tritich wittenskiplike publikaasjes op syn namme brocht, lykas Nieuw Nierper Graed-boeck, dat 1683 njoggen kear werprinte is. De Nieropper almanakken ferskine alle jierren fan 1655 oant 1683. Ek hat hy it sjoernaal fan Abel Tasman en Willem Barents (Nova Sembla) yn ien fan syn boeken publisearre. Boppedat wie hy warber as adviseur op it mêd fan navigaasjemiddelen en seekaarten foar de VOC. As ûnderwizer fan stjoerlju en skippers, wie hy learaar foar lettere beroemdheden as:
- Jan Alberts van Dam, learaar fan tsaar Peter de Grutte
- Pieter Rembrantsoan van Nierop, skriuwer fan almanakken
- Symon van de Moolen, earste sinne-eklipsfoarsizzer yn Nederlân
- Pieter Maassoan Smit, earste skriuwer fan in globemakkersboek en learaar fan Gerard Valck
Hy ûnderhâlde freonskiplike en saaklike relaasjes mei ûnder oaren Christiaan Huygens, Nicolaas Witsen, Johannes Holwarda en Descartes. As kartograaf wurke hy yn de mande mei Willem Hessels de Vlamingh en Pieter Goos. De Europeeske paskaart, in waaksende seekaart út it jier 1658 stiet op syn namme.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kort byvoegsel Friese Sterr-konst, Jan Hessels Harlingen 1654
- Chronykke, geschiedenis van Holland, Zeeland en Friesland, C. Lootsman Amsterdam 1711
- Noord en Oost Tartaryen Nicolaas Witsen/DRvN Amsterdam 1702
- Kort onderwijs Der Horologien Christiaan Huygens/DRvN 1665
Tentoanstellingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tijdgebonden Almanakken en Kalender, Koninklijke Bibliotheek Den Haag 2000
- Abel Tasman/DR van Nierop, Sydney Australia 2006
- Johan Hevelius/DR van Nierop, Nederlands Uurwerkmuseum Zaandam 2007
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|