Johannes Phocylides Holwarda

Ut Wikipedy
Johannes Phocylides Holwarda

Johannes Phocylides Holwarda of Jan Fokkes, Jan Fokker, Johann Holwarda, Johannes Fokkes Holwarda, Jan Fokkens Holwarda, Jan Fokkes van Holwerd, (Holwert, 19 febrewaris 1618 - Frjentsjer, 22 jannewaris 1651) wie in Frysk astronoom, dokter en filosoof. Hy wie professer yn de logika (1639) en filosofy (1647) oan de Universiteit fan Frjentsjer fan 1639 oant 1651.[1]

Holwerda is it meast bekend wurden troch syn ûntdekking fan it ferskil yn helderens fan de stjer Mira (stjerrebyld Omicron Ceti/Walfisk). Yn in systematyske stúdzje, yn 1638, liet er sjen dat Mira ferdwûn en opnij ferskynde yn in 330 dagen duorjende siklus.[2][3]

Hy wie fierders in 'fylosofysk atomist '(“atomisme”) en bestrider fan 'aristotelisten'. Yn it postúm publisearre Philosophia Naturalis, seu Physica Vetus-Nova (1651), definiearret er matearje en foarm: matearje is in gruttens en ferdield yn atomen, wylst foarm in weefsel fan atomen is. Neffens Phocylides besteane lichems út atomen en focht. By atomen makke er ûnderskied tusken inkeldfâldige en gearstalde atomen; it binne fêste lichemkes dy't direkt troch God oanstjoerd wurde.[4]

De moannekrater Phocylides is nei him neamd.[5]

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Philosophia naturalis, seu physica vetus-nova, 1651
  • Elementale logicum, 1648
  • Collegium logicum disputt. XII, 1646
  • Sciagraphica logicae, 1643

Oar wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Friese sterrekonst (1652)[6]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Pieter Willem van der Horst, The Sentences of Pseudo-Phocylides (Brill, 1978), 63.
  2. Holwarda, Johannes Phocylides
  3. Mira, Omicron Ceti
  4. Antonio Clericuzio, Elements, Principles and Corpuscles: A Study of Atomism and Chemistry in the Seventeeth Century (Springer, 2001), p. 187).
  5. the-moon » Phocylides
  6. Brouwer, J. H., e.o. (red), Encyclopedie van Friesland, 1958. Holwarda, J. P.