Hippolytushoef

Ut Wikipedy
Hippolytushoef
Himrik fan Hippolytushoef
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Hollâns Kroan
Ynwenners (2021) 5.125 [1]
Koördinaten 52°54'32"N 4°57'47"E
Netnûmer 0227
Postkoade 1777
Webstee Unbekend

Hippolytushoef is in doarp yn de Noard-Hollânske gemeente Hollâns Kroan. It wie it grutste doarp fan de eardere gemeente Wieringen en yn it doarp stie it gemeentehûs fan de gemeente Wieringen.

It plak waard yn de 14e iuw neamd as 'Ypolshof'. De plaknamme soe ôflaat wêze fan in pleats dy't der eartiids stien hat. Lokaal wurdt it plak oantsjutten as Hippo of gewoan dörrep (doarp). Troch it fertier en it grutte tal kafee's stie Hippolytushoef yn de 19e en 20e iuw bekend as lyts Parys, mei as hichtepunt de merkeperioade. Yn de rin fan de jierren 1960 rûn it tal kafees werom. Tsjinwurdich binne der noch mar in pear oer. Allinnich by in merkeperioade kin men noch wat fernimme hoe't it yn doe west hawwe moat yn de 19e en 20e iuw.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sintrum fan Hippolythushoef

De Hippolytustsjerke leit op in keunstmjittige hichte yn de midden fan it doarp. De basis fan de toer is fan dowestien en komt út de 12e iuw. De toer waard yn de 15e iuw ferhege (bakstien) en krige doe in mitsele spits. It oarspronklike romaanske of iergoatyske skip fan de tsjerke is yn 1674 troch in orkaan ferneatigee. Yn it nei dy ramp werboude skip binne brânskildere ramen set. Fan dy ramen (makke yn 1676) is allinnich dat fan it Noarderkertier oer. De tsjerke hat sûnt it begjin fan de 14e iuw wijd west oan de tsjerkfaar Hippolytus.

Yn Hippolytushoef steane fierders de doperske fermanje, in tsjerkje út 1861, de katolie tsjerke út 1868 en de protestantske Ankertsjerke fan nei de Twadde Wrâldoarloch.

Krekt bûten it doarp is it Museum 'Allerhande' ûnderbrocht yn in 100 jier âlde pleats. Yn it museum wurdt âld ark en âld guod útstald. De nôtmole 'De Undernimming' is in muonts út 1851 en stiet oan it begjin fan it doarp.

Sport en rekreaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch dit plak rint de Europeeske wannelrûte E9 ek wol North Sea Trail of Hollânsk Kustpaad neamd. De E9 rint lâns de kust fan Portegal nei de Baltyske steaten.

Oan de Belt leit in kombinearre sportfjild mei sporthal, dêr't de fuotbalklub Succes en de hânbalklub Tonegido spylje en dêr't de tennisfjilden 'TC Hippo' by lizze.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: