Krypt

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Krypte)
Krypt fan de Piterstsjerke yn Utert
Krypt ûnder de Katedraal Notre-Dame yn Bayeux
Krypt yn in tsjerke yn Krakau
Krypt yn Brussel

De krypt is in ûndergrûnske romte ûnder in tsjerke, bedoeld om relikwyen yn te bewarjen. It wurd "krypt" betsjut "ferburgen". De krypt ûntstie út de grêfkelder fan martlers yn it Romeinske Ryk. Boppe de it grêf waard faak in tsjerke boud, wijd oan dy martler. Letter waard sa'n kelder ek by oare tsjerken boud, dêr't de reliken fan hilligen en benammen fan martlers in plak by krigen yn de krypt. Fierders wie de krypt in begraafplak mei privileezjes foar hege geastliken.

Krypten waarden it meast boud yn de perioade dat it romaansk de oerhearskjende boustyl wie, mar der binne ek âlder krypten, en in inkele jongere, goatyske krypt. Neidat it yn de 12e iuw wisânsje waard om reliken yn relykskrinen sichtber foar de leauwigen yn de tsjerke sels te toanen, is der al gau in ein komd oan de bou fan krypten.

Yn Nederlân binne de bekendste krypten dy fan de Sint-Servaasbasilyk en de Basilyk fan Us Leaffrou Tenhimelopnimming yn Maastricht, dy't der beide meardere hawwe, en fierders dy fan de Abdij Roldúk, de Piterstsjerke yn Utert en de Lebuïnustsjerke yn Dimter. De Aleksandertsjerke fan Rinsumageast hat ûnder it koar in foar Nederlân unike krypt.


Oare bekende krypten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

moderne krypten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]