Cannes

Ut Wikipedy
Cannes
Emblemen
               
Polityk
Lân Frankryk
Regio Provâns-Alpen-
         Côte d'Azur
Departemint Alpes-Maritimes
Arondissemint Grasse
Gemeente Cannes
Sifers
Ynwennertal 73.868 (2017)
Oerflak 19,6 km² (eksk. oerflaktewetters)
Befolkingsticht. 3.768,8 / km²
Stêdekloft Nice
Hichte 0,5 m
Oar
Stifting Aldheid
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 43°33′05″N 7°00′46″E
Offisjele webside
www.cannes.fr
Kaart
Cannes (Frankryk)
Cannes
Lokaasje yn Frankryk.

Cannes (Frânske útspr.: [kan], likernôch: "kan"; Oksitaansk: Canas, útspr.: ['kanas], likernôch: "ka-nas") is in stêd en gemeente yn súdlik Frankryk. It plak leit likernôch 30 km súdwestlik fan Nice oan 'e Frânske Riviêra, dy't diel útmakket fan 'e Côte d'Azur, de kust fan 'e Middellânske See. Bestjoerlik heart it ta de Frânske regio Provâns-Alpen-Côte d'Azur en ta it Frânske departemint Alpes-Maritimes. Neffens gegevens út 2017 hie Cannes doe krapoan 74.000 ynwenners. De stêd hat in reputaasje as in mondên baaiplak dêr't de superriken gearkomme, en stiet fierders benammen bekend om it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, dat der elts jier yn maaie holden wurdt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cannes waard oan 'e ein fan 'e twadde iuw f.Kr. as fiskersdoarp stifte troch de Ligueryske stamme fan 'e Oksyben, en stie yn 't earstoan bekend as Aigitna, oerlevere yn it Aldgryksk as Αἴγιτνα. Histoarisy binne ûnwis oangeande de betsjutting fan dy namme. It wie nei alle gedachten in lyts Liguerysk havenplak, en letter wie op 'e heuvel Le Suquet, dy't tsjintwurdich binnen de beboude kom fan 'e stêd leit, in Romeinske foarpost fêstige. Dat liede histoarisy alteast ôf út 'e Romeinske grêftomben dy't dêr opgroeven binne. Yn it jier 69 wie Aigitna it toaniel fan in fjildslach tusken de troepen fan 'e rivalisearjende Romeinske keizers Oto en Fitellius.

Utsjoch op Cannes mei yn 'e midden de heuvel Le Suquet.

Yn 'e tsiende iuw stie it plak, dat ûnderwilens in stedsje wurden wie, bekend as Canua. It tinken is dat dy namme ûntliend wêze kin oan canna, in wurd foar in bekate reidplant. Yn 891 waarden Cannes en omkriten ferwoastge troch in ynfal fan 'e Sarasenen, dy't it gebiet hast in iuw lang beset holden. Foar militêre beskerming wie Cannes doedestiden oanwiisd op 'e Lérinseilannen, foar de kust, en de skiednis fan Cannes is dan ek nau mei dy fan 'e eilannen ferbûn. Nettsjinsteande dat wiene de sistersjinzer mûntsen dy't har op 'e Lérinseilannen fêstige hiene, twongen om te ferhúzjen nei it fêstelân, mei't de eilannen yn it gefal fan in oanfal maklik besingele wurde koene. Yn 'e alfde iuw stie der op Le Suquet in toer dy't útseach oer de sompen dy't no allegear drûchlein en beboud binne. Yn 1035 krige Cannes stedsmuorren en in kastiel, wylst oan 'e ein fan 'e alfde iuw ek úteinset waard mei de bou fan twa fersterke tuorren op 'e Lérinseilannen.

Om 1530 hinne makke de stêd Cannes him los fan it kleaster, dat it plak iuwenlang behearske hie, en waard it in selsstannige politike ienheid binnen it Keninkryk Frankryk. Yn 'e achttjinde iuw besochten sawol de Spanjerts as de Britten de Lérinseilannen te feroverjen, mar de oanfallen waarden troch de Frânsen ôfslein. Letter kamen de eilannen ûnder it bewâld fan 'e biskoppen fan Fréjus. Se tsjinnen troch de iuwen hinne withoefolle doelen; yn 'e 1850-er jierren waard ien fan 'e eilannen bygelyks ynset as hospitaal foar soldaten dy't ferwûne rekke wiene yn 'e Krimoarloch.

Yn 'e njoggentjinde iuw kocht de Ingelske ealman Henry Brougham, 1e baron Brougham en Vaux grûn oan op 'e Croix des Gardes, dêr't er de filla Éléonore-Louise sette liet. Syn krewearjen om 'e libbensomstannichheden fan 'e pleatslike arbeidersklasse te ferbetterjen, loek de oandacht fan oare leden fan 'e Ingelske aristokrasy, dy't yn Cannes ek winterresidinsjes bouwe lieten. Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw waarden ferskate spoarlinen oanlein dy't inoar by Cannes krústen. Ek krige de stêd doe in systeem fan trams. De Boulevard Carnot en de Rue d'Antibes waarden oanlein, en nei de sluting fan it Casino des Fleurs waard fuort njonken de pier Albert-Édouard in lúkse útgeansgelegenheid boud foar de rike winterkliïntêle: it Casino Municipal.

Yn 'e tweintichste iuw ferriisden yn Cannes nije lúkse hotels, lykas it InterContinental Carlton Cannes Hotel, it Hotel Majestic Barrière, it Grand Hyatt Cannes Hôtel Martinez en it JW Marriott Cannes. Ek waard de stêd modernisearre, mei in stadion, in nij postkantoar en tal fan nije skoalgebouwen. Nei ôfrin fan 'e Earste Wrâldoarloch waard Cannes oandien troch minder Britske en Dútske toeristen as earder, mar dêrfoar yn 't plak kamen mear Amerikanen. Wintertoerisme rekke yn it neigean en waard ferfongen troch simmertoerisme.

Yn 1939 wiene der fierfoardere plannen om in filmfestival yn Cannes te stiftsjen, mar it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch makke dat jierrenlang ûnmooglik. Pas yn 1946 waard de earste edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes holden. Yn 1949 waard it Palais des Festivals et des Congrès boud oan 'e kade fan 'e jachthaven fan Cannes, spesjaal om te tsjinjen as gelegenheid foar it filmfestival en soartgelikense grutte eveneminten. Yn 1983 waard in nij, folle grutter Palais des Festivals et des Congrès boud foar it filmfestival, wylst guon njonkeneveneminten yn it âlde gebou bleaune. It nije gebou, dat de bynamme 'De Bunker' krige, kaam op it plak te stean fan it sloopte Casino Municipal.

De Promenade de la Croisette.

Op 3 novimber 2011 waard yn Cannes de top fan 'e G20 holden.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan Cannes stipet fierhinne op it toerisme, mar de stêd en de krite deromhinne hawwe har ek ûntjûn ta in sintrum fan high tech-bedriuwen, wêrûnder Thales Alenia Space, de earste satellytmakker fan Jeropa. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes soarget elts jier yn maaie foar in protte ynkomsten. Fierders wurde yn Cannes ek in protte fakbeurzen holden. Cannes is fanút it bûtenlân tagonklik oer see, mei de trein of fia de Lofthaven Nice Côte d'Azur, dy't op 24 km ôfstân leit.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cannes stiet bekend om 'e Promenade de la Croisette, de troch palmbeammen beskade kade by de jachthaven lâns. Oare besjensweardichheden binne de skildereftige strannen en de lúkse restaurants, kafees en bûtyks. Fan 'e heuvel Le Suquet ôf hat men in treflik útsjoch oer de âlde binnenstêd. Ien fan 'e mear opfallende gebouwen yn 'e stêd is de Russysk-otterdokse Tsjerke fan de Hillige Michael de Aartsingel. Fierders binne der ferskate museä, lykas it Musée de la Castre, dat húsfêste is yn 'e fortifisearre Kapel fan de Hillige Anna. Dêr binne artefakten útstald dy't ôfkomstich binne fan 'e Maya's, de Inka's en kultueren yn 'e Stille Súdsee. Yn Cannes binne ek in fotografy- en in parfumerymuseum fêstige: it Musée de la Photografie, resp. it Musée International de la Parfumerie.

It eardere tichthûs Fort Sainte-Marguerite, dêr't de Man mei it Izerne Masker finzen siet, no it Musée de la Mer.

Op it eilân Île Sainte-Marguerite, foar de kust, kin it tichthûs Fort Sainte-Marguerite mei de sel fan 'e histoaryske Man mei it Izerne Masker besocht wurde. Dyselde waard dêr alve jier finzen holden en twongen in izeren masker te dragen om syn identiteit geheim te hâlden. It tinken is dat er fan adel wie, mooglik sels fan keninklik bloed, mar dat is nea bewiisd. Syn bestean (hoewol net syn wiere ferhaal) is popularisearre troch de Hollywood-film The Man in the Iron Mask, mei yn 'e titelrol Leonardo DiCaprio. It Fort Sainte-Marguerite is no it oan 'e see wijde Musée de la Mer, dêr't útstallings binne fan fynsten út skipswrakken út û.m. de Romeinske Tiid en de Midsiuwen. Op it oanbuorjende eilân Île Saint-Honorat stiet de Abdij fan Lérins, dy't noch altyd bewenne wurdt troch sistersjinzer mûntsen.

It wichtichste evenemint yn Cannes is it tige prestizjeuze Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, dat elts jier yn maaie holden wurdt yn it Palais des Festivals et des Congrès. Ek bekend is it Ynternasjonaal Festival fan Kreätiviteit fan Cannes-Lions, in mondiale fakbeurs mei de útrikking fan prizen op it mêd fan 'e reklamebrâns, dat elts jier yn juny organisearre wurdt. Midem, in fakbeurs fan 'e muzykyndustry, en MIPIM, wrâlds grutste fakbeurs op it mêd fan 'e makelerdij en hannel yn ûnreplik goed, wurde ek yn Cannes holden. Yn febrewaris is de stêd it toaniel fan it Ynternasjonaal Festival fan Spullen, dat him dwaande hâldt mei û.o. bridge, belote backgammon, skaken en tarot. Yn septimber wurdt it Syljachtfestival fan Cannes holden foar lju dy't belangstelling hawwe foar de plezierfeart. Op it Panafrikaansk Filmfestival, yn begjin april, wurde films fan en oer de Afrikaanske diaspora yn Frankryk fertoand. Mipcom en MIPTV, holden yn oktober, resp. april binne de grutste fakbeurzen yn 'e wrâld op it mêd fan tillefyzjeprogramma's.

Sport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cannes is de thúsbasis fan 'e fuotbalklub AS Cannes, dy't yn 'e Frânske kompetysje spilet.

Susterstêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cannes hat fiif susterstêden:

Ofbyld:Palais des festivals et des congrès de Cannes.JPG
It nije Palais des Festivals et des Congrès, dêr't it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes holden wurdt.

Dêrnjonken ûnderhâldt Cannes oare formalisearre freonskiplike bannen mei:

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens út 2017 hie Cannes doe in befolking fan 73.868 minsken. Mei in (gemeentlik) oerflak fan 19,6 km² kaam de befolkingstichtens dêrmei út op 3.768,8 minsken de km².

Berne yn Cannes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eastlike útein fan 'e Promenade de la Croisette.
It InterContinental Carlton Cannes Hotel.

Stoarn yn Cannes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cannes hat in Mediterraan klimaat, mei hjitte simmers en mylde winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 27,8 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 13,1 °C. Allinnich yn desimber, jannewaris en febrewaris giet de trochsneed temperatuer oerdeis omleech oant ûnder de 15 °C. Rekôrtemperatueren wiene 38 °C yn july en –12 °C yn jannewaris. Cannes kriget jiers trochinoar 756 mm delslach en 2.750 oeren sinneskyn.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.