Springe nei ynhâld

Aleksandertsjerke (Rinsumageast)

Ut Wikipedy
Aleksandertsjerke
bouwurk
De tsjerke fanút it súdeasten
De tsjerke fanút it súdeasten
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak Rinsumageast
adres Juckemawei 3
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 12e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 11675 [1]
offisjele webside
www.claercamp.com

De Aleksandertsjerke oan de Juckemawei in protestantske tsjerke yn Rinsumageast.

De tsjerke wie oarspronklik in trijebeukige dowestiennen tsjerke út de 12e iuw en wijd oan paus Aleksander I. Yn de 16e iuw waard de tsjerke twabeukich, troch't de lytse sydbeuken ferfongen waarden troch in nije gruttere sydbeuk oan de súdkant. De sealdaktoer út de 13e iuw waard yn 1610 foar it grutste part fernijd. De klok út 1620 is getten troch Hans Falck.

De tsjerke hat ek ûnderdielen dy't út tichtbylizzende eardere gebouwen komme: twa pylders út it yn 1580 ophefte kleaster Klaarkamp en in poartsje fan Eysingastate. De tsjerke is in ryksmonumint. It oargel út 1892 is makke troch Bakker & Timmenga.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] - (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90-400-9476-4

  1. Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed