Michaelstsjerke (Oosterland)

Ut Wikipedy
Michaelstsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Hollâns Kroan
plak Oosterland
adres Kerkweg
koördinaten 52° 55' N 5° 0' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Prot. Tsjerke yn Nederlân
patroanhillige Aartsingel Michael
Arsjitektuer
boujier 11e iuw
boustyl Romaanske arsjitektuer
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer tsjerke 38933 [1]
toer: 38932 [2]
Webside
Side Protestantske gem. Wieringen
Kaart
Michaelstsjerke (Noard-Hollân)
Michaelstsjerke

De Michaelstsjerke oan 'e Kerkweg 2 yn it Noard-Hollânske doarpke Oosterland is in oarspronklik oan de aartsingel Michael wijde tsjerke. Oannommen wurdt dat it de earste tsjerke op it eilân wie. It doarpke is om 'e tsjerke hinne boud en alle diken en dykjes kamen dêr op út. De tsjerke stiet op it heechste punt fan it doarp en waard nei de reformaasje in protestantsk tsjerkegebou.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke is hielendal fan dowestien en in moai foarbyld fan romaanske arsjitektuer. De muorren fan it tsjerkeskip binne likernôch 85 sintimeter dik en op in soad plakken reparearre. Oan 'e noardlike kant is de oarspronklike muorre it bêst bewarre bleaun. De toer datearret fan 'e 13e iuw en is fan bakstien. De achthoekige bakstiennen spits is oan it begjin fan de 17e iuw tafoege. Utsein in pear smelle ljochtspjalten en de dûbele galmgatten is de toer hielendal sletten.

Restauraasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke yn de jierren 1980 foar de weropbou fan it eastlike koer

Tsjerke en toer waarden yn 'e rin fan de tiid ferskillende kearen restaurearre. Al yn 1600 wie de tsjerke sa brekfallich, dat it gebou de funksje as beaken foar de skippen ferlear. In lyts, mearsidich koer waard yn 1839 ôfbrutsen en sûnt hie de tsjerke in rjocht sletten eastlike muorre. Yn de jierren 1888-1889 waard de tsjerke troch Pierre Cuypers restaurearre; hy feroare û.o. de hege kape fan it skip yn in wat minder steil, romaansk lykjende kape. Ek liet de arsjitekt in pear rûnbôgefinsterkes ynsette. Yn 1910 waarden de grutte finsters oanpast en glês-yn-lead ynbrocht. It pleister is yn 1937 yn 'e tsjerke fan it muorrewurk ferwidere en de toer is yn 1938 fernijd.

Yn 'e jierren 1990 waard in rûn koer op de oarspronklike fundearring fan fjildstiennen wer opboud. Ek waarden de yn 1910 ynbrochte gruttere rûnebôgefinsters ferfongen troch lytsere yn romaanske styl. By de restauraasje waarden yn it koer de resten fan in 9e of 10-iuwsk houten tsjerkje ûntdutsen. Yn 'e rekonstruearre krypte binne noch in 10e-iuwske sarkofaach en trije reade sânstiennen sarkofagen út de 12e en 13e iuw te sjen, dy't op it tsjerkhôf fûn binne.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke besit in ienfâldige iken, ier 18e-iuwske preekstoel mei klankboerd. It boerd mei de Wet is 17e-iuwsk. Fierder besit de tsjerke in swurd út de 16e iuw, dy fan de geuzenoanfierder Willem Bloys fan Treslong west hawwe soe. Yn de tsjerke hinget fieder in boerd mei de wurden Gesticht van Grave Dirk de Eerste AD CCMLXVI ontwijd door de Heidensche Noormannen. Voor Christus dienst teruggegeven en vernieuwd door Grave Dirk de Tweede AD CMLXXXV. Gerestaureerd en ingewijd 25 oktober AD. MCMXXXVIII.

Oargel

Boppe it skip is yn it blauwe houten ferwulft in skildering oanbrocht fan de aartsingel Michael.

Yn 'e tsjerke hinget in fotyfskip fan 'De Vrouwe Janna.

De klok yn de tsjerketoer is troch Jehannes en Gobelinus Moer getten yn 1499.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kammenetoargel waard oan it begjin fan de 20e iuw troch de herfoarme gemeente oankocht, mar is folle âlder. It waard yn 1762 troch Jacob Engelbert Teschemacher boud foar in partikulier. It stie nei oankeap eartiids op de kreake fan de tsjerke, mar ferhûze nei de bou fan it koer yn de jierren 1990 nei ûnder. It piipwurk fan it oargel is hast noch hielendal orizjineel en it ynstrumint waard foar it lêst troch Bakker & Timmenga yn 2018 restaurearre.[3]

Eigner[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2017 is de tsjerke troch de PKN-Wieringen oerdroegen oan de 'Stichting Behoud Oosterlander Kerk', dy't yn 2014 oprjochte waard.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: