Springe nei ynhâld

Suderseemuseum

Ut Wikipedy
Suderseemuseum
Zuiderzeemuseum
  museum
De yngong fan it bûtenmuseum
De yngong fan it bûtenmuseum
Emblemen
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeenteFlagge fan Inkhuzen Inkhuzen
plakFlagge fan Inkhuzen Inkhuzen
adresWierdijk (binnenmuseum)
koördinaten52° 42′ N, 5° 17′ E
Algemiene gegevens
ferneamd neiSudersee
typeKultuerhystoarysk museum
Iepenloftmuseum
wurkmêdSudersee
oprjochting1 july 1950
Arsjitektuer
monumint. statusRyksmonumint
monumintnûmer15235
Offisjele webside
zuiderzeemuseum.nl
Kaart
Suderseemuseum (Noard-Hollân)
Suderseemuseum
Lokaasje yn Noard-Hollân

It Suderseemuseum is in museum yn Inkhuzen dat oprjochte is yn 1949. It waard yn 't earstoan oprjochte om de fiskerijkultuer fan de plakken om de Sudersee út de perioade 1880-1932 fêst te lizzen, mar men hat no as doelstelling om Nederlânske keunst, kultuer en erfgoed, op de grins fan lân en wetter, sjen te litten. It museum bestiet út in gebou en in museumpark. Fan it parkearplak is it museum mei in boat te berikken.

Bûtendoar is it Suderseemuseum in kuierpark mei autentike âlde pânnen út it eardere Suderseegebiet. Sa binne der in mûne, in kalkûne, tsjerkje, in klompmakkerij, in skoalle, in kapper, in ielrikkerij, in snobbersguodwinkelsje, haventsje, dêr't wat âlde boaten lizze, sa as in botter.

Binnendoar hat it museum tydlike tentoanstellingen en is der skippehal mei echte (fiskers)boaten. It gebouwekompleks fan it binnenmuseum is yn besit fan de Steat (Ryksgebouwetsjinst).

Omtinken Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar it struktuerplan fan it museum hawwe ek dielen fan Hylpen en Starum (± 1830) model stien nei gegevens fan it primitive kadaster. Der steane in fiskerswente út Koehoal, in dykhûs út Hylpen, in "skipmakkershûs" út Harns, in ieshok út Moddergat, twa fiskershúskes út Peazens-Moddergat, in poldermûne út de Fûgelhoeke ûnder Himmelum en in ophelbrêge út Jorwert.

  • Yn 2007 is hjir in oantal sênes fan de Nederlânske spylfilm "De scheepsjongens van Bontekoe" opnomd.
  • It Suske en Wiske-ferhaal De gulden harpoen spilet him foar in part ôf yn it Suderseemuseum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Iepenloftmusea yn Nederlân
    Fryslân
    De Spitkeet · It Damshûs · 't Fiskershúske
    Nederlân
    Achterhoeksk Iepenloftmuseum · Archeon · Aviodrome · Bourtange · Boerenbondsmuseum · De Locht · De Lebbenbrugge · Eynderhoof · Ellert en Brammert · Het Hoogeland · Kaap Skil · Nederlânsk Iepenloftmuseum · Orientalis · Museum Oud-Oosterhout · Iepenloftmuseum Ootmarsum · Orvelte · preHistorisch Dorp · Suderseemuseum · Saanske Skâns · Feanpark
    · · Berjocht bewurkje