Washingtonmar

Ut Wikipedy
De Washingtonmar en omlizzend gebiet

De Washingtonmar (Ingelsk: Lake Washington) is in swietwettermar beëasten de stêd Seattle yn de steat Washington, Feriene Steaten.

It is de grutste mar yn King County en nei de Chelan Mar de grutste natuerlike mar yn Washington. De grutste sydrivieren binne de Sammamish yn it noarden en de Cedar yn it suden. It útstreamende wetter is it Lake Washington Ship Canal.
Yn it westen oan de mar leit Seattle, yn it noarden Kenmore, yn it easten Kirkland en Bellevue en yn it suden Renton. Yn de mar leit it eilân Mercer Island mei it lykneamde plak.
De mar hat in oerflak fan 88 km² en is 35 km lang fan noard nei súd. De mar hâldt 3 km³ wetter en hat in trochsneed djipte fan 33 m; it djipste plak is 65 m. It wetterpeil leit sa'n 5 m boppe seenivo. De mar waard foarme troch in gletsjer yn it Jongpleistoseen. Dêrom is de mar lang en smel. Yn 1854 stelde Thomas Mercer foar om de mar nei de earste presidint George Washington te ferneamen, kreksa as it Washington Territorium dat himsels yn 1853 fan it Oregon Territorium ôfskiede. In eardere namme wie de Duwamisj namme Xacuabš, dat yn harren sprake Lushootseed letterlik 'in grutte hoemannichte wetter' betsjut.
Yn 1916 waard it Lake Washington Ship Canal dold fan de mar nei de baai Puget Sound foar in bettere boatferbining mei de iepen see. Nei it reekommen hjirfan sakke it wetterpeil fan it mar hast 3 m. Foar it iepenjen fan it kanaal wie de rivier de Sammamish wie de wichtichste wettertafier, mar troch it ferleegjen fan it wetterpeil ferlege de wettertafier ek. As part fan it skipkanaal waard de rivier de Cedar de wichtichste wettertafier. De Black River, dat foar it kanaal de útstreamende rivier fan de mar wie. Fia de rivier de Duwamish dy yn de Elliott Bay útmûnet. Nei it kanaal ree wie ferdrûge de Black River hielendal.

Rivieren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rivieren en kreken dy't yn de mar útmûnje:

  • Sammamish
  • Cedar
  • Taylor Creek
  • Ravenna Creek
  • Thornton Creek
  • Kelsey Creek
  • Juanita Creek
  • Coal Creek
  • May Creek
  • Yesler Creek


Brêgen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lacey V. Murrow Memorial Bridge

Om't de boaiem fan de mar djip en modderich is binne der driuwende brêgen oer de mar oanlein, te witten:

De East Channel Bridge rint fan Mercer Island nei Bellevue, dêr't de Interstate 90 fierder oer rint.

Plakken oan de mar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Washingtonmar nei suden sjoen mei Mercer Island en Mount Rainier op eftergrûn

Plakken dy't oan de mar lizze fanôf it westen mei de klok mei: