Springe nei ynhâld

Kirkland (Washington)

Ut Wikipedy
Kirkland
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County King County
Boargemaster Amy Walen
Sifers
Ynwennertal 50.697 (2012)
Oerflak 46,2 km² (ynkl. wetter)
46,1 km² (allinne lân)
Befolkingsticht. 1746 / km²
Stêdekloft 3.500.026
Hichte 4 - 152 m
Oar
Stifting 1888
Postkoade 98033, 98034, 98083
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 47°41´9´´N 122°11´30´´W
Offisjele webside
kirklandwa.gov
Loftfoto fan it sintrum fan Kirkland
Peter Kirk gebou út 1889
Heritage Hall

Kirkland is in stêd dy't heard by de 'Eastside', de eastlike foarstêden fan Seattle yn King County yn de Amerikaanske steat Washington. It leit oan de eastigge fan it Washington Mar en it leit yn de stêdekloft fan Grut-Seattle. It is dus in foarstêd fan Seattle. De stêd hie neffens de folkstelling fan 2010 in ynwennertal fan 48.787. It wie doe de op 8 nei grutste stêd yn King County en de op 19 nei grutste stêd yn Washington. Op 1 juny 2011 binne der 33.000 ynwenners bykommen, om't de stêd gemeentefrij gebiet derby krigen hat en de stêd hjirmei de op 5 nei grutste yn King County en de op 11 nei grutste stêd yn Washington is.

It sintrum fan de stêd leit tsjin it Washington Mar oan en is de iennichste mei it sintrum oan de mar yn de Eastside. It hat in ferskaat oan restaurants, kroegen, winkels, keunstgallerijen in teáterseal mei 400 sitten, iepenbiere parken en strânen en in samling keunstwurken, bygelyks brûnzen bylden.

It haadkantoar en oefensintrum fan it American football-team Seattle Seahawks wie yn Kirkland op it 'Northwest University', mar is sûnt 18 augustus 2008 ferhûze nei Renton. It grutwinkelbedriuw en warehûzekeatling Costco hie foarhinne ek it haadkantoar yn Kirkland, mar is ferhûze nei Issaquah. Ien fan syn merken de 'Kirkland Signature' komt fan Kirkland ôf. Google hat ek in kantoar yn Kirkland.

Yndianen wennen earst yn de krite om it Washington Mar. Yn de 1860er jierren kamen de earste blanken, in stikmannich Ingelske famyljes yn wat is no de 'Houghton' buorren yn Kirkland neffens de Homestead Act. Sa'n 6 km benoarden oan wat is no de 'Juanita Bay' strutsen ek in pear famyljes del. Dit wie in populêr plak fan de yndianen, want hjir woeks in wylde ierdappel plant, de 'wapato'. Yn de jierren dernei kamen der mear blanken en strutsen del ferpraat oer de krite hinne. Oan it ein fan de 1880er jierren wiene der al in tal fan lânbou, houtkap en skipsbou mienskippen. Yn 1886 kaam Peter Kirk, in Ingelske sakeman nei Washington. Hy woe it famylje bedriuw 'Moss Bay', dy't stiel produsearre, útwreidzje. Hy hearde dat der izer fûn wie yn it Cascades berchtme. Ek kalkstien, dat brûkt wurdt foar it ferhytsjen fan stiel, wie oanwêzich yn it berchtme. Ek koalminen (koal wie in wichtige brânstof foar stielfabriken) wiene úteinset tichteby by Renton. Spoarwegen waarden al oanlein en wiene der plannen foar it Lake Washington Ship Canal, in kanaal fan it Washington Mar nei de Puget Sound by Seattle. Kirk seach goede mooglikheden foar in stêd op it stee wêr Kirkland no leit. In stêd oan it wetter mei in haven dy't ferbining mei de iepen see wie in goed plak foar in mooglike stielfabryk. Kirk wie gjin Amerikaansk steatsboarger en koe dus gjin lân keapje. Hy partnere mei Leigh S. J. Hunt , de eigener fan de krante 'Seattle Post-Intelligencer' en ûnder de namme 'Kirkland Land and Development Company' kochten hja yn july 1888 in pear hûndert bunder lân oan yn wat no it sintrum fan Kirkland is. Yn datselde jier stifte hy Kirkland, ien fan de earste stêden yn de Eastside, en begûn mei de bou fan in stielfabryk en it bedriuw 'Moss Bay Iron and Steel Company of America'. Kirk hie in 'Pittsburgh fan it Westen' op it each en ûntwurp in stêdsplan foar in stielwurkersstêd en de bou fan stiennen hûzen en winkels foar benammen stielwurkers waard úteinset. De Seattle, Lake Shore and Eastern Railway waard kocht troch it Northern Pacific Railway út Tacoma. Dit spoarbedriuw wegere in spoardyk nei Kirkland oan te lizzen, want dat soe negative gefolgen ha foar de ekonomyske ûntjouwing fan Tacoma as foarnaamste seehaven oan de Puget Sound yn konkurrinsje mei Seattle. Dit en oare tebeksetten hiene negative gefolgen foar Kirk, dy't in tekoart oan ynvestearders krige en ek Hunt rekke yn problemen om't hy yn de skulden siet troch de oankeap fan it lân. Mar Kirk krige it foarinoar en yn 1892 wie de bou fan de stielfabryk ree op 'Rose Hill', sa'n 3 km fan de wâl fan it mar. Mar de ekonomyske Krisis fan 1893 twong de fabryk te sluten foar der sels mar stiel produsearre wie. Kirk woe net opjaan oan it nei him nommen stêdsje. Kirkland waard yn 1905 offisjeel ek in stêd, mar hie noch mar 532 ynwenners. Yn 1906 die de 'Northwestern Iron & Steel Company in poging en bou in stielfabryk. It bedriuw kocht 6100 bunder lân oan foar $250.000 beëasten de stêd, dochs de bou fan de fabryk waard net iens mei begûn. Yn 1892 wie de earste wolmûnr fan Washington boud yn Kirkland. Fanôf 1900 wie it fear fan de haven fan Kirkland nei Madison Park oan oare kant fan it Washington Mar. Mar mei de bou fan de Lake Washington Floating Bridge yn 1940 kaam dêr ek in ein oan. Skipsbou waard in wichtige boarne fan ynkommen foar de stêd. Nei it reekommen fan it Lake Washington Ship Canal yn 1917 waarden grutte skippen boud en tidens de Twadde Wrâldkriich waarden der 25 marineboaten boud op it 'Lake Washington Shipyard' wat no it bedriuweterrein 'Carillon Point' is.

Sûnt 1905 doe't Kirkland offisjeel in stêd wurden is, is it ferskate kearen groeid, sa'n 12 kear sa grut as it oarspronklike stêdsgebiet. Yn 'e 1940er en 1960er jierren is de stêd ferdûbele, measte troch anneksaasjes. Op 31 july 1968 fúsearre de njonkenlizzende plak Houghton mei Kirkland en foarmje ien stêd fan 13.500 ynwenners. De buorren Totem Lake kaam yn 1974 by Kirkland en yn 1988 kamen de buorren South Juanita, South Rose Hill en North Rose Hill by Kirkland. Dit foege sa'n 16.000 ynwenners ta. Op 1 juny 2011 anneksearre de stêd de gemeentefrije buorren fan Finn Hill, Juanita en Kingsgate en foege hjirmei 18 km² by it oerflak fan de stêd en sa'n 33.000 ynwenners, wêrmei de stêd no sa'n 80.000 ynwenners telt. Wichtige wurkjouwers yn de stêd binne Google en Microsoft yn it njonkenlizzende Redmond. Kirkland is it thús fan de 'Lake Washington Technical College' en 'Northwest University'. Fierders binne der iepenbiere legere skoallen en skoallen foar fuortset ûnderwiis. Kirkland is in partnerstêd fan Emmerich yn Dútslân.

Geografy en klimaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kirkland leit op de koördinaten 47°41´9´´N 122°11´30´´W. Yn it westen grinzet de stêd oan it Washington Mar, yn it noarden oan de plakken Kenmore, Bothell en Woodinville, yn it easten oan Redmond en yn it suden oan Bellevue. De Interstate 405, de rûnwei of 'bypass' fan Seattle rint fan súd nei noard beëasten de stêd dy't de stêd my plakken lykas Bellevue, Renton en Bothell ferbynt. State Route 520 rint fan east nei west fan Redmond nei Seattle oer de Evergreen Point Floating Bridge oer it Washington Mar. Kirkland hat in myld seeklimaat mei in trochsneed jierlikse temperatuer fan 8,2 °C en in totaal trochsneed wetterdelfal fan 980 mm.

Marina Park

Kirkland hat in ferskaat oan parken ferbûn mei in systeem fan ferhurde paadsjes. Lâns it Washington Mar binne bygelyks 'Juanita Bay Park' en 'Marina Park'. Ek yn de buorren yn de stêd binne stikmannich parkjes. Ek binne de 'Saint Edward State Park' en 'Bridle Traits State Park' foar in part binnen de stêdsgrinzen. It sintrum hie in ferskaat oan gallerijen, mar alle útsein 3 binne de lêste jierren sletten. In teáter stiet yn 't sintrum wêr ferskillende optredens holden wurde. Ek is der in ûntspanningsintrum foar de jongerein wêr muzikale optredens plak fine. Yn it sintrum is der in ferskaat oan bars, kroegen, nachtklups en dûnsklups. Oant 2011 wie der in jierlikse tentoanstelling fan klassike auto's út de hiele Feriene Steaten yn it park op Carillon Point. Opbringsten fan dizze tentoanstelling giene nei it Seattle's Children's Hospital. Yn 2012 is dizze sjo nei Tacoma ferhûze.

Neffens de folkstelling fan 2010 wennen der 48.787 minsken en 22.445 hûshâldings, wêrfan 24,6 % mei bern ûnder 18 jier. De trochsneed âldens wie 37,5 jier. 18,8% wie ûnder de 18 jier en 10,9% wie 65 jier en âlder. Der wennen 79,3% blanken, 1,8% swarten, 0,4% yndianen, 11,3% Aziaten, 0,3% Pasifyske Eilanners, 2,5% fan oare en 4,5% fan mingde rassen. Etnysk wie 6,3% Hispanic of Latino. It trochsneed hûshâld ynkommen wie $60.332 en 5,3% libbe ûnder de earmoed grins.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further Reading, op dizze side.