Springe nei ynhâld

Renton (Washington)

Ut Wikipedy
Renton
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County King County
Boargemaster Denis Law
Sifers
Ynwennertal 95.448 (2012)
Oerflak 61 km² (ynkl. wetter)
59,9 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1519 / km²
Stêdekloft 3.500.026
Hichte 14-125 m
Oar
Stifting 1875
Postkoade 98055, 98056, 98057, 98058, 98059
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten
Offisjele webside
rentonwa.gov
Wolkomstboerd

Renton is in stêd yn King County yn de Amerikaanske steat Washington. It leit 18 km besuden Seattle en leit oan de súdeast igge fan it Washington Mar by de mûning fan de rivier de Cedar. It is part fan de stêdekloft fan Grut-Seattle. Renton is ferneamd om de fabryk dy't it dienmeitsjen fan de Boeing 737 searje kommersjele fleantugen wiermakket. It hat ek in tal fan bou en technology bedriuwen yn har grinzen, lykas Boeing, Paccar, Parallels, Inc. en Wizards of the Coast. Neffens de folkstelling fan 2010 hie it 90.927 ynwenners en is de op 7 nei grutste stêd yn Washington en de op 3 nei grutste yn King County.

Seattle Car and Foundry, hjoed de dei Paccar, fabryk yn 1916
Boeing Jet 707, earste jet fleantúch waard boud yn Renton

Foar dat blanken yn dizze omkriten delstrutsen wennen hjir yndianen fan de Duwamisj stam. Hja hiene in doarp yn it hjoeddeiske Renton by de ôfsplitsing fan de rivierren de Cedar en de Black River. De Cedar mûnet ôf yn it Washington Mar en de Black River mûnet ôf yn de White River dy't op har bart yn de rivier de Duwamish ôfrint. Dizze rint nei it noarden nei Seattle yn de baai Puget Sound. Dizze rivierren foarmen in wichtige boarne fan ferfier foar de yndianen. Yn letter jierren is de rin fan dizze rivierren hânmatich feroare.

Yn 1853 farde Henry Tobin oer de rivier de Duwamish en seach de ferbining fan alle wetterwegen. Hy seach in perfekte plak fan in mûne en de ferbining mei it mar like him in goed stee foar bedriuwichheid.

Dat blykte wier te wêzen, want in jier letter struts dr. R. H. Bigelow del njonken Tobin en hy ûntduts stienkoal yn syn lân. Hja bouden in mûne foar it leverjen fan hout foar de bou fan de koalminen.

Yn 't begjin wiene de yndianen ûnder de yndruk fan de mûne, om't hja noch nea ien wurkjen sjoen hawwe. Mar mei de komst fan mear blanken, bedrige dat de yndiaanske manier fan libjen. Dit hie de Yndiaanske krigen fan 1855 ta gefolch. De kriich, wêrûnder de Puget Sound Kriich duorre in pear moanne. De yndianen joegen belies en waarden yn reservaten twongen.

Yn dizze koarte striid wie de mûne delbaarnd en de blanke bewenners fuortjage. Tobin ferstoar justjes dêrnei oan in koarte sykte en Bigelow beslet om net te bliuwen. De dream fan ûntjouwing waard oan oaren tabedield.

Lâneigener Erasmus M. Smithers moette Tobin's widdo yn 1857, wa noch hieltyd it lân fan Tobin besiet. Hja rekken fereale mei-inoar en boasken in skofke letter. Hja besieten Tobin's 129 bunder lân en foegen letter noch in 65 bunder by. Al gau strutsen der mear bewenners del en yn 1875 tsjinne hy in ûntwerp fan de plattegrûn fan Renton yn. De namme 'Renton' waard keazen nei kapitein William Renton, dy't in pear jier earder it bedriuw 'Renton Coal Company' oprjochte. Hy hie súkses as houtman by in goedrinnende houtseachmûne oan de Puget Sound en kocht de koalmyn fan Smithers. Hy hie de finansjele middels om dat fierder út te wreidzjen. Koalminen waarden yn 'e jierren dêrnei úteinset yn de heuvels en bergen beëasten Renton. Troch de lizzing oan de rivierren en it mar waard Renton in stienkoalsintrum. Hjirmei kaam der in gruttere fraach nei in bettere ferbining en waard it in ferhurde dyk nei Seattle oanlein. Oant ein fan de 19e iuw waard Renton ek in mulpunt foar it spoar.

Ek de lânbou waard in wichtige boarne fan ynkommen yn de dellings fan de rivierren en Renton waard in kommersjeel sintrum. Der kamen fierder noch stien- en tegelovens, in glêsfabryk, sigarefabryk en houtseachmûnen. Renton waard hjirmei ek in yndustriéle stêd. It libben yn it plak koe der somtiden noch wolris rûch om ta gean. Yn 1885 wiene der 9 salons, mar gjin tsjerken. Doe't op 3 septimber 1901 Renton offisjeel stêdsrjochten krige, waard it bestjoer en dus de wet yn de stêd better regele. Yn 1910 hie de stêd tsjerken, skoallen, kranteprinterijen en in bank. Fierder kaam der noch in flessefabryk en mear houtseagerijen. Troch de Keamer fan Keaphannel waard Renton de 'City of Payrolls' neamd, troch it grutte tal wurknimmers fan alle yndustryen yn de stêd.

Yn 1916 kaam der in grutte feroaring yn de gea by Renton troch it oanlizzen fan de Montlake Cut by Seattle. Dit is in kanaal dat groeven waard fan it Washington Mar nei it Union Mar benoarden. Dit soarge derfoar dat it wetterpeil fan it Washington Mar mei sa'n 3 m ferlege en de Black River hielendal útdrûge en nea wer wetter deryn seach.

De koalminen begûnen yn dizze tiden faai te rinnen, mar Renton as in yndustriéle stêd rûn net tebek. Mei it kommen fan de 'Pacific Car and Foundry', hjoed de dei ferneamd as Paccar sette in fabryk útein yn de stêd. Ek it spoar foar passazjierstreinen wreide him út en ek it wegennet yn de omkriten waard hieltyd ferbettere. Hjirmei koe Renton as in sliepstêd en foarstêd fan Seattle útgroeie. Sels tidens de Grutte Depresje groeide Renton noch stadichoan troch. Yn 1941 kaam Boeing en sette in fabryk útein yn Renton. Tidens de Twadde Wrâldkriich waarden der yn de Renton fabryk Fan Boeing B-29 fleantugen boud, mei op syn meast 6 deistich. Ek Paccar boude 30 Sherman tenks de moanne. Wilens manlju oan it fjochtsjen wiene yn de kriich, diene froulju it smoarge wurk. Nei de kriich kamen de manlju tebek en nimme it wurk wer oer fan de froulju. It kriichsspul hoechde net mear boud te wurden, mar Boeing begûn yn de jierren dernei mei de bou fan jets. De ynfrastruktuer waard ferbettere, mei it ferbetterjen en bouwen fan nije wegen, wenwiken, ensfh.

Yn 1983 hat Paccar syn fabryk yn Renton sletten, nei ferminderjende opbringsten. Yn 1993 hat Kenworth de fabryk oankocht foar it yninoar setten fan harren frachtweinen.

Hjoed de dei pompt Boeing noch hieltyd miljoenen dollars yn de lokale ekonomy en wurdt Renton ek wol de 'Jet Capital of the World' neamd. Yn sa'n 100 jier is Renton útgroeid fan in lyts plakje oan de rivierren ta in mulpunt fan diken en spoar ta it bouwen foar it ferkear yn de loft.[1]

Renton Bibleteek oer de rivier de Cedar

Troch de goede lizzing is Renton in goede lokaasje foar bedriuwichheid. De Interstates 5 en 405 en steatswei S.R. 167 rinne troch de stêd en kruse inoar.

Boeing is mei sa'n 10.000 wurknimmers noch hieltyd de grutste wurkjouwer yn de stêd. Njonken Boeing en Kenworth binne in stikmannich oare bedriuwen yn de rin fan de jierren nei Renton kommen, lykas IKEA, Wizards of the Coast, Fly Electronics. De Federal Reserve Bank iepene in nij kantoar yn Renton. Yn in nij kommersjeel part, 'Port Quendall' yn it noarden fan Renton, stiet it 'Virginia Mason Athletic Center', dat it haadkantoar en oefensintrum is fan de Seattle Seahawks.

Yn 1964 is der in nij bibleteek boud oer de rivier de Cedar hinne.

De stêd hat ferskate ûntwikkelings ûnderfûn, lykas nije winkelsintra, kommersjele sintra en nije wenwiken. Ek it stêdssintrum hat yn de 1990er jierren in weropbou krigen, nei't bedriuwen en benammen autograazjes en oare kommersjele bedriuwen nei de bûtenwiken flakby de Interstates 5 en 405 en State Route 167. Sa rûn it sintrum stadichoan leech. Yn plak fan de autograazjes yn it sintrum is der in nij busstasjon en parkeargraazje boud. Der binne non-stop busferbinings mei Seattle, Bellevue en Redmond. Nije winkels yn kombinaasje mei wentes derboppe binne yn 'e mande mei privee-ynvestearders boud. Dizze wentes binne ornearre foar wurknimmers fan bedriuwen yn Renton en omkriten, sa dy deun by it stasjon ek in goede ferbining mei bedriuwen yn omlizzende stêden hawwe. In nij plein, 'The Piazza' is oanlein njonken it stasjon. Yn ien fan de gebouwen wêr't in autograazje yn siet is omboud ta in evenemintssintrum, it 'Pavillion Building neamd. De 'Piazza' is ornearre foar bûtendoar aktiviteiten, bygelyks in boeremerke simmerdeis.

Op it stee fan in eardere Boeing fabryksterrein oan de súdigge fan it Washington Mar is ek in nije wenwyk yn kombinaasje mei grutwinkels, restaurants en oare útgeans mooglikheden úteinset, neamd 'The Landing'. Twa wenwiken mei lúkse aparteminten binne part fan dizze wyk. Fierderop ek oan it Washington Mar is de wyk 'Southport' mei ik lúkse aparteminten. Ienris yn de wike ferskynt de lokale krante de 'Renton Reporter'.

Renton wurdt tsjinne troch busferfier fan de maatskippijen King County Metro en Sound Transit Express bussen.

Renton leit op de koördinaten 47°29´12´´N 122°11´43´´W. It leit oan de súdigge fan it Washington Mar. De Interstate 405, dat in rûnwei fan Seattle is, komt fanút it noarden út Bellevue en rint mei in bocht nei it westen troch de stêd en einiget op de krusing mei Interstate 5 yn Tukwila. State Route 167, in fjouwerbaanske steatswei komt fanút it suden út Kent en einiget op de krusing mei Interstate 405. De rivier de Cedar rint troch de stêd hinne fanôf de Cascades en mûnet út yn it Washington Mar. De stêd grinzet yn it noarden oan Bellevue en Newcastle, yn it easten oan de helling fan Cougar Mountain en de gemeentefrije wiken May Valley en East Renton Plateau. Der binne plannen en foegje dizze wiken by Renton. Yn it suden grinzet de stêd oan Kent en yn it westen oan Tukwila. Yn it noardwesten oan de gemeentefrije wyk Westhill en it Washington Mar. Ek binne der plannen om Westhill ta Renton te foegjen.

Neffens de folkstelling fan 2010 wennen der 90.927 minsken en 36.009 hûshâldings, wêrfan 32,4% mei bern ûnder de 18 jier. Der wiene 38.930 wentes yn de stêd. De befolking bestie út 54,6% blanken, 10,6% swarten, 0,7% yndianen, 21,2% Aziaten, 0,8% Pasifyske Eilanners, 6,2% fan oare rassen en 5,8% fan mingde rassen. Etnysk bestie de befolking út 13,1% Hispanic of Latino's. De trochsneed âldens wie 35,2 jier. 23,2% wie ûnder 18 jier en 10,1% wie 65 jier en âlder. 49,5% wiene manlju en 50,5% froulju. Yn 2000 wie it trochsneed hûshâld ynkommen $45.820 en 9,7% fan de befolking libbe ûnder de earmoed grins.

Ferneamde persoanen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Berne yn Renton
Hat wenne yn Renton
Stoarn yn Renton

It klimaat yn Renton is in seeklimaat mei sa'n 25°C simmers en sa'n 2°C winters. De totale trochsneed wetterdelfal is 942 mm.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Renton, Washington fan Wikimedia Commons.