Boeing 737

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Boeing 737

KLM 737-800 Retro PH-BXA.jpg

Rol Passazjiersfleanmasine
Makker Boeing Commercial Airplanes
Earste flecht 9 april 1967
Yn tsjinst 10 febrewaris 1968 (by Lufthansa
Ut tsjinst n.f.t
Tal makke 8.599 (1967-juny 2015)
Grutste brûkers Southwest Airlines, Ryanair, United Airlines, American Airlines
Fierdere ûntjouwings Boeing 737 Classic, Boeing 737 Next Generation, Boeing 737 MAX

De Boeing 737 fan 'e Amerikaanske fleanmasinebouwer Boeing is de wrâldwiid meast boude moderne ferkearsfleanmasine. Fan it tastel is hjoeddedei de tredde generaasje yn produksje, al sjocht er der fan bûten noch suver krekt sa út as yn 1967, doe't de earste Boeing 737 ôflevere waard. Ynearsten soe it boud wurde as koarteôfstânsfleanmasine, mar it nijste model, de Boeing 737NG ("Next Generation"), stiet te boek as in middellangeôfstânsfleanmasine.

In Boeing 737-7H4 fan Southwest Airlines mei registraasje N231WN.