Redmond (Washington)

Ut Wikipedy
Redmond (Washington)
Flagge Wapen
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County King County
Sifers
Ynwennertal 56.551 (2012)
Oerflak 43,9 km² (ynkl. wetter)
42,2 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 1284 / km²
Stêdekloft 3.905.026 (2012)
Hichte 13 m
Oar
Stifting 1881
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 47°40′10″N 122°7′26″W
Webside www.redmond.gov
Redmond yn King County

Redmond is in stêd yn King County yn de Amerikaanske steat Washington. It leit 26 km beëasten Seattle en heart by de Eastside, it eastlike part fan de stêdekloft Grut-Seattle. It hie 54.144 ynwenners neffens de folkstelling fan 2010. De stêd is ferneamd om de haadkantoaren fan Microsoft en Nintendo. Ek is it ferneamd om de jierlikse fytstocht troch de stêd en it hat de iennichste felodroom yn de steat en wurdt wol de 'Bicycle Capital of the Northwest', de fytshaadstêd fan it noardwesten neamd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yndianen hawwe sa'n 6000 jier yn dizze omkriten wenne. De earste bewenners fan Jeropeesk komôf kamen yn de 1870er jierren. Luke McRedmond hat op 9 septimber 1870 in oanfraach yntsjinne neffens de Homestead Act en lis beslach op in stik lân njonken oan de rivier de Sammamish. Warren Perrigo naam beslach op in stik lân njonken sines. De rivierren en kreekjes wiene ryk oan salm en de delsetting waard dus earst 'Salmonberg' neamd. Mear bewenners kamen en yn 1881 waard in postkantoar iepene en de namme Melrose wie keazen nei de súksesfolle herberch 'Melrose House' fan eigener Perrigo. Dit wie net nei it sin fan McRedmond en doe't hy postboade waard hat hy de namme feroarje kind yn 1883 en neame it 'Redmond'. It plak libbe yn de begjin jierren benammen fan de fiskerij en houtkap, troch de oanwêzigens fan de rivierren en bosk. Houtseachmûnen waarden boud. De houthannel waard in súkses en keaplju en hannelers kamen nei it plak. De houtyndustry waard útwreide doe't yn 1889 de 'Seattle Lake Shore and Eastern Railway' in stasjon boude yn it plak. Op 11 maaie 1891 waard it earste ûntwurpen plattegrûn fan it plak yntsjinne, dat it grutste part fan it hjoeddeiske sintrum omfiemet. Nei de winske ynwennertal fan 300 berikke wie hat Redmond offisjeel stêdsrjochten krigen op 31 desimber 1912. Yn de 1920er jierren krige Redmond te krijen fan in ekonomyske tebekset. Troch de Drûchlizzing moasten kroegen en salons slute, wêrtroch de stêd belêstingssinten misrûn. Troch de swiere houtkap rekke it bosk op en rûn dat ek tebek. Houtseagerijen sletten de doarren. In ljochtpuntsje wie dat troch it ûntboske lân lânbou mooglik makke waard en dat waard de wichtichste boarne fan ynkommen. Sa koe der foldwaande iten beskikber wêze tidens de Grutte Depresje. Doe de Feriene Steaten belutsen rekke yn de Twadde Wrâldkriich, kaam der skipbou en oare mei kriich besibbe banen yn Redmond. Nei de kriich begûn Redmond hurd te groeien. Tusken 1951 en 1967 is it 30 kear sa Grut wurden as foarhinne. Mei it reekommen fan de Evergreen Point Floating Bridge oer it Washington Mar begûn Redmond út te groeien ta in foarstêd fan Seattle. It United States Census Bureau neamde Remond in 1978 de hurdst groeiende stêd yn Washington. Technology bedriuwen begûnen del te striken yn Redmond en troch de waaksende befolking wie der ek in waaksende fraach nei grutwinkels. Yn 1997 is it winkelsintrum 'Redmond Town Center' úteinset yn it ramt fan de kommersjele útwreiding fan de stêd. Troch de hurde groei kamen der ek swierrichheden lykas drokke diken en lange files yn de spitsoeren. Troch dizze problemen binne der plannen en ferbreedzje de steatswei State Route 520 lykas de 'Evergreen Point Floating Bridge', wêr dizze dyk oerhinne rint en mei de komst fan de Eastlink, in lightrail ferbining fanút Seattle oer Bellevue.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Redmond leit op de koördinaten 47°40´10´´N 122°7´26´´W. Redmond leit yn it eastlike part fan de stêdekloft fan Grut-Seattle en grinzet yn it westen oan Kirkland, yn it súdwesten oan Bellevue, yn it súdeasten oan Sammamish en yn it noarden en easten oan gemeentefrij gebiet fan King County. It stêdssintrum leit benoarden tsjin it Sammamish Mar, mei wenwiken benoarden en bewesten it mar. De rivier de Sammamish rint fan it mar bewesten lâns it stêdssintrum.

It klimaat is in myld seeklimaat wêrby augustus de waarmste moanne mei sa'n 20-25° C en jannewaris de kâldste mei sa'n 5° C. De trochsneed wetterdelfal is 850 mm.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de folkstelling fan 2010 wie it trochsneed hûshâldynkommen $66.735 en 5,3% libbe ûnder de earmoed grins. De befolking bestie út 65,2% blanken, 1,7% swarten, 0,4% yndianen, 25,4% Aziaten, 0,2% Pasifyske Eilanners, 3,2% oare rassen en 4% mingde rassen. Etnysk wie 7,8% Hispanic of Latino. De trochsneed âldens wie 34,1 jier mei 22,7% ûnder 18 en 9,5% 65 jier en âlder.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Microsoft
Nintendo

Der binne in stikmannich high-tech bedriuwen yn Redmond, wêrfan Microsoft de grutste is. Dit bedriuw kaam yn 1986 nei Redmond. It bedriuw is de grutste wurkjouwer mei sa'n 40.000 foltiids wurknimmers en sa'n 45.000 dieltiids en kontraktors. It hat 750.000 m² kantoarromte yn de Eastside, benammen yn Redmond en inkelde kantoaren yn de njonkenlizzende plakken Bellevue en Issaquah.

Oare bedriuwen mei in haadkantoar yn Redmond binne Nintendo of America, Concur Technologies, Genie Industries, Physio-Control, Univar, Visible.net, Wild Tangent, Solstice en Data I/O.

Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Redmond Derby Days, in jierliks feest holden yn july.
  • Old Redmond Firehouse, in sintrum foar de jongerein mei muzyk optredens en oare aktiviteiten.
  • Marymoor, in park mei amfiteater wêr simmerdeis optredens fan ferneamde artysten lykas Duran Duran, Rob Thomas en oaren spile hawwe.
  • Redmond Performing Arts Center
  • Wiley House of Stone House, stiennen hûs boud yn 1916

Ferneamde persoanen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • John Archer, akteur
  • James Doohan, ferneamd om syn rol as Scotty yn Star Trek
  • Nick Downing, âld fuotballer.
  • Grant Goodeve, akteur, sjonger
  • Henry Hill, in gangster út New York dy't yn de 80er jierren yn Redmond wenne.
  • Shannon O' Donnell, waarfrou foar earst de lokale omrop KOMO út Seattle en letter foar de lânlike omrop NBC.

Lês ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Malowney, Georgeann (2002). Redmond (Images of America: Washington). Chicago: Arcadia Publishing. ISBN 0-7385-2071-3.
  • Way, Nancy (1989). Our Town Redmond. Redmond, Washington: Marymoor Museum. ISBN 0-9624587-2-4.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further Reading, op dizze side.