Parkeargaraazje

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
In iepensidige parkeargaraazje yn Singapoer.

In parkeargaraazje is in foarsjenning dy't bedoeld is foar it parkearjen fan persoane-auto's. It kin dêrby gean om in gebou fan ferskate ferdjippings, mar ek om in diel fan in gebou, dat fierder in oare funksje hat. In spesjaal type parkeargaraazje is de parkearkelder, dy't ûndergrûnsk ûnder in gebou leit dat fierder yn gebrûk is as kantoargebou, appartemintekompleks, hotel of winkelsintrum. Parkeargaraazjes binne faak oerdutsen, hoewol't de wanden gauris iepenlitten binne om op ferljochtingskosten te besparjen. Soms is de boppeste ferdjipping yn 'e iepen loft. As it om in ticht gebou of diel fan in gebou giet, kin de parkeargaraazje winterdeis ferwaarme wurde, wat, ôfhinklik fan it klimaat, al of net nedich wêze kin.

Foar it gebrûk fan parkeargaraazjes moat almeast betelle wurde. Yn Nederlân wurde sokke foarsjennings faak troch grutstedske gemeenten subsidiëarre, mei't se in grut diel fan 'e tiid net of amper brûkt wurde. Ynherint oan parkeargaraazjes is nammentlik dat de brûkers oan 'e ein fan 'e wurkdei, of nei't se winkele hawwe, de auto wer mei nei hûs nimme.

De binnenkant fan in parkeargaraazje.

De útgong fan in parkeargaraazje (en soms de yngong ek) is ornaris ôfsletten mei in slachboom, dy't nei betelling omheech giet. By in parkeargaraazje fan mear as ien ferdjipping binne der yn it gebou oer it algemien rûngeande skeanten oanbrocht dêr't de auto's by opride kinne om nei in heger leine ferdjipping te kommen. Soms is der lykwols foar keazen om in autolift te ynstallearjen. Foardiel dêrfan is dat dat folle minder romte ynnimt, mar it neidiel is dat it in protte enerzjy nimt dy't wol betelle wurde moat. It is net de bedoeling dat fuotgongers gebrûk meitsje fan deselde yn- en útgongen as de auto's; foar harren is der in aparte doar en by in gebou fan ferskate ferdjippings ek in treppehûs en meastal in lift.

De ierst bekende parkeargaraazje waard yn maaie 1901 yn Londen iepene troch de City & Suburban Electric Carriage Company oan 6 Denman Street. Dêr wie ferdield oer sân ferdjippings romte foar hûndert auto's. Yn 'e Feriene Steaten waard de earste parkeargaraazje yn 1918 boud foar it Hotel La Salle yn 'e binnenstêd fan Chicago, oan 215 West Washington Street.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.