Lacey Chabert
Lacey Chabert | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Lacey Nicole Chabert | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 30 septimber 1982 | |
berteplak | Purvis (Mississippy) | |
etnisiteit | ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() | |
jierren aktyf | 1987 – no | |
offisjele webside | ||
www.thereallacy.com |
Lacey Chabert (folút: Lacey Nicole Chabert; Purvis (Mississippy), 30 septimber 1982) is in Amerikaansk aktrise fan mingd etnysk komôf, dy't mei tolve jier al ynternasjonale bekendheid krige mei har rol as Claudia Salinger yn 'e dramarige Party of Five. Dêrnjonken is se bekend út films as Lost in Space, Not Another Teen Movie, Daddy Day Care en Mean Girls, en fan har wurk as stimaktrise.
Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Chabert waard yn 1982 berne yn Purvis, yn 'e súdlike Amerikaanske steat Mississippy, as ien fan 'e fjouwer bern yn it gesin fan Tony Chabert, in ûnderhâldsman by in ierdoaljemaatskippij, en dy syn frou Julie Johnson. Har heit is in Frânsktalige Kadjun út súdlik Louisiana, dy't ek Sisyljaansk en Ingelsk bloed hat, wylst har mem fan Ingelsk, Skotsk en yn 'e fierte fan Italjaansk komôf is. Hja hat twa âldere susters en in jongere broer.
Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
As bern wie Chabert al aktyf as aktrise, en ien fan har earste wichtige rollen ferfolle se yn 1992 en 1993 yn 'e Broadway-produksje fan Les Misérables, as Cosette. Nei't se yn 1990 al foar it earst yn in tillefyzjesearje te sjen west hie, briek se yn 1994, doe't se tolve jier wie, troch mei har rol as Claudia Salinger yn 'e dramarige Party of Five. Dy searje, mei û.o. Neve Campbell en Jennifer Love Hewitt yn 'e oare haadrollen, gie oer it wol en wee fan in gesin besteande út fiif bruorren en susters fan wa't de âlden by in auto-ûngemak om it libben kommen wiene. Party of Five rûn oant en mei 2000. Har filmdebút makke Chabert yn 1998 as Penny Robinson yn 'e science fiction-skriller Lost in Space, mei û.o. William Hurt, Mimi Rogers, Heather Graham en Matt LeBlanc.
Fierders spile Chabert û.m. Amanda Becker yn Not Another Teen Movie (2001), Jenny yn Daddy Day Care (2003) en Gretchen Wieners yn Mean Girls (2004). Datselde jiers fertolke hja ek de titelrol yn 'e tillefyzjefilm The Brooke Ellison Story, oer it wierbarde ferhaal fan in frou dy't ferlamme wie oan alle fjouwer lidden, mar dy't dochs withoefolle obstakels wist te oerwinnen om ôfstudearje te kinnen oan 'e Universiteit fan Harvard.
Njonken rollen yn minder bekende films en gastrollen yn tillefyzjesearjes wurke Chabert fierders in protte as stimaktrise, te begjinnen mei it personaazje Eliza Thornberry yn 'e tekenfilmrige The Wild Thornberrys, fan 1998 oant 2004. Ek liende se har stim oan dochter Meg Griffin yn it earste seizoen fan 'e tekenfilmrige Family Guy (1999), wêrnei't Mila Kunis dy rol oernaam om't Chabert it net mear ynpasse koe tusken har oare aktearjen en har skoalwurk. Fierders spile Chabert ek prinsesse Elise yn it fideospultsje Sonic the Hedgehog (2006), en Gwen Stacy yn 'e tekenfilmrige The Spectacular Spider-Man (2008-2009).
Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Chabert wennet yn súdlik Kalifornje, dêr't se yn 1994 mei har âlden, broer en susters hinne ferfearn is foar har rol yn Party of Five. Yn jannewaris 2007 en nochris yn novimber 2013 stie se op 'e omslach fan it manljusblêd Maxim. Op 22 desimber 2013 troude hja yn Los Angeles mei har freon David Nehdar, mei't wa't se al jierrenlang in relaasje hie.
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- (in) Offisjele webside fan Lacey Chabert
- (in) Folsleine filmografy fan Lacey Chabert yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk toanielakteur
- Amerikaansk musicalakteur
- Amerikaansk stimakteur
- Amerikaansk persoan fan Frânsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Italjaansk komôf
- Amerikaansk persoan fan Sisyljaansk komôf
- Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf
- Persoan fan Kadjun-komôf
- Persoan berne yn 1982