Springe nei ynhâld

Fort Lauderdale (Floarida)

Ut Wikipedy
Fort Lauderdale
De Nije Rivier, yn it sintrum fan Fort Lauderdale.
De Nije Rivier, yn it sintrum fan Fort Lauderdale.
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Floarida
County Broward County
Sifers
Ynwennertal 172.389 (2013)
Oerflak 99,9 km² (ynkl. wetter)
90,0 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.838,3 / km²
Stêdekloft Miami
Hichte 2,75 m
Oar
Stifting 1893
Tiidsône UTC-5
Simmertiid UTC-4
Koördinaten 26°08′00″N 80°09′00″W
Offisjele webside
www.fortlauderdale.gov
Kaart
De Nije Rivier, yn it sintrum fan Fort Lauderdale.
De lizzing fan Fort Lauderdale yn Broward County en yn 'e steat Floarida.

Fort Lauderdale (útspr.: [fɔɹt 'lɔ:dəɹde:l], likernôch: "fort lôderdeel"), faak skreaun as Ft. Lauderdale, is in stêd yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida. Dit plak leit oan 'e Atlantyske kust fan it Floarida-skiereilân, op 37 km benoarden it bekendere Miami. Fort Lauderdale is it haadplak fan Broward County, en hie, neffens in offisjele skatting út 2013 troch it Amerikaanske Folkstellingsburo, doe goed 172.000 ynwenners. De stêd makket ûnderdiel út fan 'e saneamde Súdflorideeske Stêdekloft (South Florida Metropolitan Area), mei yn totaal mear as 5,7 miljoen ynwenners, dy't fierders û.m. bestiet út Miami, West Palm Beach, Boca Raton en Miami Beach.

Fort Lauderdale hat in oerflak fan 99,9 km², wêrfan't 90,0 km² út lân en 9,9 km² út wetter bestiet. De stêd stiet bekend om syn grutte netwurk fan grêften, mei binnen de stedsgrinzen in totale ôfstân fan 266 km oan wetterwegen. Troch syn lizzing oan 'e Atlantyske kust fan Floarida omfiemet Fort Lauderdale ek 11 km oan strân. Lauderdale-by-the-Sea, Lauderdale Lakes en North Lauderdale meitsje gjin ûnderdiel út fan Fort Lauderdale, mar binne selsstannige, oanbuorjende plakken.

Stranahan House, it âldste gebou fan Fort Lauderdale, oarspronklik in hannelspost.

Archeologyske opgravings hawwe oantoand dat de omkriten fan Fort Lauderdale mear as tolvetûzen jier lang bewenne waarden troch de Tekesta-Yndianen en harren foarâlden. It kontakt mei de earste Spaanske kolonisators, yn 'e sechstjinde iuw, waard in ramp foar de Tekesta, mei't hja swier te lijen krigen fan 'e sykten dy't de Jeropeänen meibrochten, en dêr's hja gjin ferwar tsjin hiene. Dat en de oanhâldende wapene konflikten mei de buorstamme fan 'e Kalûsa soarge derfoar dat de Tekesta tsjin 1763 hast útstoarn wiene. Yn dat jier, doe't Spanje Floarida ûnder de betingsten fan 'e Frede fan Parys oan 'e Britten ôfstean moast, waarden de lêste Tekesta mei de Spaanske kolonisten nei Kuba ta evakuëarre. Harren plak waard letter ynnommen troch de Seminoale-Yndianen, dy't har út Georgia ôfsakje lieten nei it Florideeske skiereilân om oan 'e optsjende kolonisaasje fan 'e blanken te ûntkommen.

Nei 1763 feroare Floarida noch ferskate kearen fan eigner, oant it yn 1821 oankocht waard troch de Feriene Steaten. Yn 'e njoggentjinde iuw stie it gebiet fan Broward County bekend as de Delsetting fan de Nije Rivier, en yn 'e 1830-er jierren libben der sa'n 70 kolonisten yn it gebiet. Under de Twadde Seminoalske Oarloch waarden nei in oanfal fan 'e Seminoalen op in boerespultsje alle blanken út it gebiet evakuëarre. Yn 1838 lei it Amerikaanske Leger oan 'e Nije Rivier in fêsting oan dy't Fort Lauderdale kaam te hjitten, nei in majoar William Lauderdale (1782-1838). Oan 'e ein fan 'e oarloch, yn 1842, waard dat fort ôftanke. It gebiet bleau doe fierhinne ûnbewenne oant in Frank Stranahan der yn 1893 in hannelspost mei in fear oer de Nije Rivier stifte.

Yn 1896 lei de Florida East Coast Railroad in spoar oan troch it gebiet, wat de ûntwikkeling fan Fort Lauderdale folle makliker makke. Yn 1911 krige it plakje stedsrjochten, al hie it it jiers tefoaren noch mar 336 ynwenners. Yn 1915 waard de nije stêd útroppen ta haadplak fan Broward County. Pas yn 'e 1920-er jierren begûn Fort Lauderdale foar it earst flink te groeien. Yn 1935 fûn der yn 'e stêd in beruchte lynchpartij plak, doe't in plysjewein fan 'e dyk ôf riden waard, en de finzene dy't dêryn ferfierd waard (in swarte man dy't fan Rubin Stacy hiet en fertocht waard fan 'e berôving fan in blanke frou), troch in binde fan sa'n hûndert blanke manlju yninoar slein, ophongen oan in beam en doe deasketten waard.

It strân by Fort Lauderdale.

Under de Twadde Wrâldoarloch ûntjoech Fort Lauderdale him ta in wichtige militêre basis foar de Amerikaanske Loftmacht en Kustwacht. Yn 1961 wie de stêd ûnder de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging it toaniel fan in rige demonstraasjes en sit-ins troch Afro-Amerikaanske aktivisten op 'e strannen, dy't doedestiden noch segregearre wiene. Yn 1962 joech rjochter Ted Cabot de demonstranten gelyk, en waard de stêd twongen om 'e pleatslike feroarderings oan te passen.

Foar de kust fan Fort Lauderdale leit it Osbornerif, in keunstmjittich rif dat makke is âlde autobannen en dat útrûn is op in ekologyske ramp. De oanlis (of dumping) begûn yn 'e 1960-er jierren, en hie de bedoeling om 'e pleatslike fiskstân te ferheegjen troch fisken in skûlplak te bieden, wylst men tagelyk ôffal kwytkoe. De touwen dêr't de bannen mei byinoar bûn wiene, slieten meitiid lykwols fuort, mei as gefolch dat de bannen stadichoan yn 'e rjochting fan 'e kust begûnen te migrearjen, wêrby't se in libben rif tsjinkamen en alhiel ferrinnewearren. Fierders leit nei stoarmen it strân fol mei âlde autobannen, wat gjin goede reklame is om toeristen te lûken. De pleatslike autoriteiten binne no yn gearwurking mei de Amerikaanske Marine en Kustwacht dwaande om 'e 700.000 bannen fan it Osbornerif wer te ferwiderjen.

Fort Lauderdale is fanwegen it waarme klimaat en de sinne-oergetten strannen in populêre toeristyske bestimming. Hiel Broward County mocht yn 2012 net minder as 12 miljoen ûnderskate toeristen ferwolkomje, mei dêrûnder 2,8 miljoen bûtenlanners. It gebiet telde dat jiers 561 hotels en motels, mei krapoan 35.000 keamers; 4.000 restaurants; 63 golfbanen; 12 winkelsintra; 16 museä; 132 nachtklubs; 278 campings; en 100 jachthavens mei romte foar 45.000 plezierjachten.

De autosneldyk Interstate 95, fuort benoarden de stêd, mei oan 'e oare kant de skyline fan Fort Lauderdale.

Fan 'e 1940-er oant 1980-er jierren wie Fort Lauderdale ek de populêrste bestimming foar studinten ûnder de beruchte spring break (foarjiersfakânsje), yn maart/april, mar dat begûn op 'en doer safolle oerlêst te jaan, dat de pleatslike autoriteiten sûnt 1985 datoangeande ûntmoedigjende maatregels namen. Fan gefolgen krige Fort Lauderdale yn 1989 noch mar 20.000 spring break-gongers, in ôfname fan 94,3% yn ferliking mei de 350.000 út 1985. Tsjintwurdich is de fiering fan spring break fierhinne ferskood nei plakken as Daytona Beach en Panama City Beach.

Histoarysk is de befolking fan Fort Lauderdale fral tusken 1930 en 1980 hurd groeid, fan 8.700 yn 1930, fia 18.000 yn 1940, 36.000 yn 1950, 84.000 yn 1960 en 139.000 yn 1970 nei 153.000 yn 1980. Dêrnei begûn it ynwennertal pas fan 2000 ôf wer stadichoan te groeien, nei 172.000 yn 2013. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 bestie doe fan 'e befolking fan Fort Lauderdale 51,8% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 17,7% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 52,5% blanken; 31,0% swarten; 13,7% Latino's; 1,5% Aziaten; 0,3% Yndianen; 1,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 hat Fort Lauderdale in persintaazje ynwenners dat fan bûtenlânsk komôf is, dat mei 21,7% oansjenlik heger leit as it Amerikaanske gemiddelde. De grutste ymmigrantegroepen binne Haïtianen (6,9% fan 'e Fort Lauderdalers) en Kubanen (1,7%). Fierders stiet Fort Lauderdale, yn 'e mande mei de oangrinzgjende stedsjes Oakland Park en Wilton Manors, ek rûnom bekend om syn grutte homo- en lesbo-mienskip.

Op taalkundich mêd waard yn 2000 fêststeld dat yn Fort Lauderdale 75,6% fan 'e befolking yn 'e hûs inkeld Ingelsk spriek, wylst it Spaansk mei 9,4% op it twadde plak kaam. De op twa nei grutste taal wie it Haïtiaansk-Kreoalsk, mei 7,5%, folge troch it Frânsk (2,0%), it Portegeesk (1,0%) en it Italjaansk (0,8%).

De skyline fan Fort Lauderdale.

Berne yn Fort Lauderdale

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Fort Lauderdale

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It strân fan Fort Lauderdale.

Fort Lauderdale hat in tropysk klimaat, mei lange, hjitte, fochtige, neare simmers en koarte, drûge, tige mylde winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32,3 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 24,1 °C. De heechste temperatuer ea metten wie 38 °C, op 22 juny 2009. Fort Lauderdale kriget jiers trochinoar 1.670,1 mm delslach. Winterdeis komt likernôch ien kear yn 'e tweintich jier wat lichte froast foar. Snie hat men yn 'e stêd noch mar ienris sjoen, op 19 jannewaris 1977, doe't der wat flokjes foelen dy't daliks raanden sadree't se op 'e grûn kamen.

In stik mear oerlêst hat men yn Fort Lauderdale fan orkanen, dy't ûnderweis fan it Karibysk Gebiet nei de Golf fan Meksiko tydlingswei oer Floarida hinne raze. De lêste orkanen dy't de stêd troffen wiene Katrina en Wilma, beide yn 2005, en dêrfoar de orkaan Cleo, yn 1964, de orkaan King, yn 1950, en de Orkaan fan Fort Lauderdale fan 1947, út it tiidrek dat men de orkanen noch gjin nammen joech.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.