Teri Weigel

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Teri Weigel
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Teri Weigel AVN 2003.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Teresa Susan Weigel
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 24 febrewaris 1962
berteplak Fort Lauderdale (Floarida)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
Flag of Germany.svg Dútsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, prostituee
jierren aktyf 1985 – no
offisjele webside
www.teriweigel.com

Teri Weigel (folút: Teresa Susan Weigel; Fort Lauderdale (Floarida), 24 febrewaris 1962), is in Amerikaansk model, neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Dútsk etnysk komôf. Hja waard bekend doe't hja yn 1985 en 1986 ferskate kearen yn it neakenblêd Playboy stie, en briek yn 1991 troch as pornoaktrise. Sûnt hat Weigel har ûntjûn ta ien fan 'e populêrste aktrises út 'e skiednis fan 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Weigel waard yn 1962 berne yn Fort Lauderdale, yn it suden fan 'e steat Floarida, mar groeide op yn Deerfield Beach. Yn har tinerjierren begûn hja te wurkjen as model, wêrby't hja har al rillegau talei op advertinsjekampanjes en wurk as mannekên op it mêd fan linzjery. Sa stie se û.m. yn 'e katalogus fan it merk Saks Fifth Avenue.

Karriêre as neakenmodel en mainstream-aktrise[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1985 posearre Weigel foar it earst as neakenmodel yn it manljusblêd Playboy, wêrby't se boppedat op 'e omslach fan 'e Amerikaanske edysje fan it novimbernûmer stie. Yn april 1986 stie se jitris yn 'e Playboy, diskear as de Playmate of the Month. Fierders ferskynde se yn ferskate neakenfideo's dy't troch Playboy útbrocht waarden. Yn deselde snuorje posearre se as twadde Playboy Playmate ea (nei Ursula Buchfellner) ek foar it rivalisearjende neakenblêd Penthouse.

De bekendheid dy't Weigel as Playboy Playmate wûn, late derta dat se frege waard foar ferskillende lytse roltsjes yn mainstream-films, wêrûnder Cheerleader Camp (1988), Marked for Death (1990) en de bekende aksjefilm Predator 2 (1990), wêryn't se as de minneresse fan drugsbaas Ramon Vega hast allinnich mar neaken yn byld kaam. Ek hie Weigel yn it seizoen 1985-1986 in lytse rol yn 'e plysjerige Miami Vice, en letter ferskynde se ferskate kearen as it personaazje Jade yn ôfleverings fan 'e tillefyzjekomeedzjesearje Married... with Children.

Pornokarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn augustus 1990 wie Weigel belutsen by in auto-ûngemak, wêrby't se swier ferwûne rekke oan har nekke en rêch, mei as gefolch dat se fiif operaasjes ûndergean moast en fjouwer moannen net wurkje koe. Om 'e sikehûsrekkens te beteljen, wiene Weigel en har man doe twongen om harren hûs te ferkeapjen en te ferfarren nei in lyts hierappartemintsje. Op 'e set fan 'e neakenfideo dy't Weigel har lêste projekt foar Playboy wie, rette in kollega-model har oan, om oan it wurk te gean as pornoaktrise. Earst liek har dat wol nei fleanen, mar doe't se neitiid finansjeel yn 'e knipe kaam troch de gefolgen fan har ûngelok, betocht se har. Tegearre mei har man naam se doe datoangeande kontakt op mei harren buorlju Fred en Patti Lincoln, dy't pornofilms produsearren.

Teri Weigel yn 2008.

Yn 1991, doe't se 29 jier wie, makke Weigel sadwaande har debút yn 'e pornografyske film Inferno, yn in sêne mei pornoakteur Mark Wallace. Dêrmei waard se de earste Playboy Playmate dy't oerstapte nei de pornoyndustry, wat har daliks grutte populariteit ûnder pornofans opsmiet. Foar Playboy wie it lykwols oanlieding om 'e bannen mei har te ferbrekken. Yn 2000 spande Playboy in rjochtsaak tsjin Weigel oan, om't dy op har webside doe noch altyd it Playboy-logo brûkte. Weigel sels hat ferskate kearen yn fraachpetearen oanjûn dat Playboy har mei sin it libben soer besocht hat te meitsjen om't se wegere en lis har del by de regels dy't it bedriuw oan Playmates opleit. Weigel har nije karriêre foel ek ferkeard by har famylje, dy't sûnt 1992 neat mear mei har te krijen hawwe woe.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Weigel sûnt 1991 yn totaal yn teminsten 175 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Hustler Video, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, New Sensations, Jill Kelly Productions, Pure Play Media, VCA Pictures, Platinum X Pictures, Devil's Film, Adam & Eve, Pure Play Media, Third Degree Films en Anabolic Video. Ek hat se sûnt likernôch 2005 in protte yn 't spier west foar pornosites op it ynternet, lykas Reality Kings, Brazzers en BlackOnBlondes. Foar har wurk as pornoaktrise waard Weigel yn 2002 ynhuldige as lid fan 'e XRCO Hall of Fame en in jier letter as lid fan 'e AVN Hall of Fame.

Oare beuzichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken har aktearwurk is Teri Weigel ek aktyf as stripper, wêrby't se as in feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns reizget. Yn 2003 wûn se dêrfoar de NightMoves Award yn 'e kategory bêste feature dancer. Fierders is se ek noch altyd wurksum as neakenmodel, en yn 'e twadde helte fan 'e jierren njoggentich wurke se in skoft (oant septimber 1998) as prostituee yn 'e Moonlite Bunny Ranch, in legaal bordeel yn 'e Amerikaanske steat Nevada.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teri Weigel troude yn 1986 mei in Murrill Maglio, mei wa't se yn 2011 har sulveren houliksfeest fierde. Harren houlik hâldt (anno 2015) noch altyd stân. Neffens harrensels is harren geheim dat se har sa feilich fiele yn harren ûnderlinge relaasje, dat it geslachtsferkear dat Weigel foar har wurk mei oare manlju hat, gjin bedriging foarmet. Maglio fungearret as Weigel har ympressario en hat lytse, net-pornografyske roltsjes ferfolle yn guon fan har films. Behalven yn 1990 wie Weigel ek yn 1994 belutsen by in auto-ûngemak.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens har offisjele opjefte is Teri Weigel 1.70 m lang, mei in gewicht fan 49 kg. Har boarsten, dy't se koart nei har yntrede yn 'e pornoyndustry fergrutsje litten hat, hawwe kupmaat 36DD. Fan natuere hat Weigel brún hier en griene eagen, mar hja hat har hier ûnder har karriêre geregeldwei blondearje litten. Se hat piercings troch har klitoris en skamlippen. It is net bekend oft se ek plastyske sjirurzjy ûndergien har fanwegen de ferwûnings dy't se oprûn hat by har beide auto-ûngemakken.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1992 FOXE Award wûn vixen fan it jier n.f.t.
2002 XRCO Award ynhuldige XRCO Hall of Fame n.f.t.
2003 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste feature dancer (redakteurskar) n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.