Mannekên

Ut Wikipedy
Twa mannekêns op 'e catwalk.

In mannekên is in persoan (faak in frou, mar ek wol in man), dy't haute couture sjen lit troch ûnder in moadeshow op en del te paradearjen op in catwalk, yn 'e regel mei in aparte, elegante manear fan rinnen.

It wurd "mannekên" komt oarspronklik fan it Midnederlânske mannekijn, dat "mantsje" betsjut. Dat wie yn 'e Midsiuwen yn Flaanderen (dat doe it sintrum fan 'e Jeropeeske haute couture wie) de oantsjutting foar de houtene pop dy't kleanmakkers brûkten om harren moade-ûntwerpen loskes mei spjelden op te befêstigjen foar't it echte naaiwurk begûn. It wurd bedarre as lienwurd yn it Frânsk, dêr't it ferbastere waard ta mannequin. Yn dy foarm waard it troch de grutte ynfloed fan 'e Frânske taal oer de hiele wrâld ferspraat (en sa kin it dat it Ingelske wurd mannequin tsjintwurdich "etalaazjepop" betsjut). It wurd kaam lykwols ek werom út it Frânsk yn it Nederlânsk (in foarbyld fan it ferskynsel werûntliening), dêr't it fan betsjutting feroare en in namme foar in spesifyk soarte fan model waard. En fanút it Nederlânsk kaam it as "mannekên" yn it Frysk telâne.