Wicked Pictures
Wicked Pictures | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | pornografyske filmstudio | |
haadkertier | Canoga Park (Kalifornje) | |
oprjochte | 1993 | |
oprjochter | Steve Orenstein | |
offisjele webside | ||
www.wickedpictures.com |
Wicked Pictures, soms ôfkoarte ta Wicked of WP, is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Canoga Park, yn 'e steat Kalifornje. Sûnt syn oprjochting yn 1993, troch Steve Orenstein, mei help fan Brad en Cynthia Willis, hat dy him ûntjûn ta ien fan 'e grutste pornostudio's, en yn 2006 waard it troch it parseburo Reuters omskreaun as fan ien it hantsjefol studio's dat de Amerikaanske pornoyndustry dominearret.
Wicked Pictures (letterlik: "Boasaardige Films") begûn lyts, mar wist al rillegau in eigen plak yn 'e Amerikaanske pornoyndustry te feroverjen. Yn it earste jier wûn it label al in prestizjeuze AVN Award yn 'e kategory bêste fideo-útjefte, foar de film Haunted Nights. Yn 1995 tekene de doe noch frij ûnbekende Jenna Jameson in fiifjierrich kontrakt by Wicked. Al hiel gau dêrnei waard sy withoe populêr en de ûnbidige groei fan 'e studio yn 'e jierren tusken 1995 en 2000 wie foar in grut part oan har te tankjen. Wicked is de iennichste heteroseksuële pornostudio dy't (sûnt 2004) in belied fierd dat it gebrûk fan kondooms troch syn akteurs ferplichte steld. Likegoed moast de studio yn oktober 2010 de produksje stillizze doe't ien fan 'e akteurs HIV-posityf bliek te wêzen. Yn desimber fan dat jier sleat Wicked in oerienkomst mei de yn Lúksemboarch fêstige porno-mulitnational MindGeek (foarhinne Manwin), wêrby't fêstlein waard dat dy tenei de websiden fan Wicked runne soe.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]● (in) Offisjele webside fan Wicked Pictures
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |