Stephanie Swift

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stephanie Swift
AN Stephanie Swift 1.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
China Cat, Melody
echte namme Melodi Maurine Clark
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 7 febrewaris 1972
berteplak  ? (Louisiana)
etnisiteit Flag of Acadiana.svg Kadjunsk
Flag of Ireland.svg Iersk
Flag of England.svg Ingelsk
Flag of France.svg Frânsk
Flag of Spain.svg Spaansk
Flag of the Philippines.svg Filipynsk
Flag of Norway.svg Noarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur,
produsinte
jierren aktyf 19942009
offisjele webside
stephanieswift.com

Stephanie Swift, echte namme Melodi Maurine Clark (7 febrewaris 1972), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en pornoregisseur en pornoprodusinte út 'e steat Louisiana. Hja is fan mingde etnisiteit, mar stammet benammentlik ôf fan 'e Kadjuns, de Frânsktalige bewenners fan 'e Mississippydelta.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Swift waard berne yn Lousiana, dêr't se ek har iere jonkheid trochbrocht. Mar doe't se tsien jier wie, kaam har heit te ferstjerren oan kanker. Neitiid ferfear se mei har mem nei Chula Vista, yn súdlik Kalifornje, dêr't se nei de Bonita Vista High School gie. Nei't se yn 1990 har skoaloplieding ôfsletten hie, gie se út 'e hûs en sette se har nei wenjen yn San Diego, dêr't se in healjier as stripper wurke yn in stripklub dy't The Body Shop hiet (net te betiizjen mei it keatling fan kosmetikawinkels mei deselde namme). Mei it jild dat se dêr fertsjinne, betelle se har oplieding ta toskedoktersassistinte. Wylst se neitiid yn dy hoedanichheid wurk fûn, posearre se dêrnjonken ek foar neakenblêden en stie ûnder mear yn Club International. Ek wurke hja mei oan in pear Playboy-fideo's.

Yn 1994 makke se har debút yn 'e pornografyske film Space Sirens en spile dêrnei, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn mear as 370 oare films. Guon dêrfan wiene echte blockbusters foar pornobegripen, lykas Hell on Heels (1999), Sex Safari (1999), Double Feature (1999) en Dreamquest (2000). Yn 1998 wûn se de AVN Awards foar artyste fan it jier en foar bêste aktrise. Yn 2006 waard se ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame. Njonken har aktearwurk bleau se ek aktyf yn it stripsirkwy. As aktrise stie se in hoartsje ûnder kontrakt by it label Wicked Pictures. Yn 2004 rjochte se har eigen produksjebedriuw op ûnder de namme Swift Entertainment. Dêrfoar wie se ek wurksum as pornoregisseur en -produsinte.

Yn 2009, doe't se it dochs al yn har omgean liet om in ein oan har karriêre te breidzjen, waard der by har in agressive foarm fan boarstkanker fêststeld (wat iroanysk wie, sij it op in tige pynlike manear, om't Swift no just ien fan 'e minmachtige Amerikaanske pornoaktrises wie dy't nea in boarstfergrutting dwaan litten hie). Dêrop kundige hja yn augustus fan dat jier oan dat hja har weromloek út 'e pornoyndustry. Hoewol't it inkeld har lofterboarst wie dat oantaast wie, ûndergie hja yn 'e simmer fan 2009 in dûbele boarstôfsetting. Dêrnei folge noch in behanneling mei gemoterapy, om't de kanker útsiedde wie nei har lymfeklieren. Yn 2010 waard hja dêroan operearre. Kollega-pornoaktrises sammelen yn oktober 2009 en maart en septimber 2010 jild yn om Swift har sikehûskosten fan te beteljen.

Nei't se de striid tsjin har sykte yn 'e rin fan 2010 wûn, rekke se belutsen by de organisaasje xxxchurch, in kristlike outreach-groep dy't seit pornoakteurs en -aktrises helpe te wollen om út 'e pornoyndustry te kommen, en porno-"ferslaafden" fan harren obsessive en twangmjittige pornokonsumpsje ôfhelpe te wollen. Yn 2011 brocht xxxchurch in filmke út dêr't Swift yn fertelt hoe't se sels yn har jonkheid út 'e tsjerke en yn 'e pornoyndustry bedarre, nammentlik troch seksueel misbrûk troch famyljeleden.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1998 AVN Award wûn artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste aktrise fan it jier Miscreants
XRCO Award wûn bêste lesbyske sêne Miscreants
1999 AVN Award wûn bêste sêne mei in pearke Shipwreck
2006 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
2008 XRCO Award ynhuldige XRCO Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.