NightMoves Award

Ut Wikipedy
NightMoves Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar pornografyske film
útrikt troch NightMoves
frekwinsje 1x jiers
1e útrikking 1993
offisjele webside
www.nightmovesusa.com

De NightMoves Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornografyske films. Dizze prizen wurde útrikt troch it tydskrift NightMoves, dat yn 1988 fuortkaam út it sportblêd SportsSouth, en dat it earste tydskrift oer de Amerikaanske pornoyndustry wie, dat him konsintrearre op in regionale merk (it Amerikaanske Suden).

De útrikking fan 'e NightMoves Awards fynt plak sûnt 1993, en de organisaasje lit him derop foarstean dat it nei de AVN Awards en de XRCO Awards de âldste pornografyske filmprizen fan 'e Feriene Steaten binne. Under de pornoaktrises dy't alris in NightMoves Award wûn hawwe, binne Jenna Jameson (1995), Tera Patrick (2000), Gina Lynn (2002), Jesse Jane (2003), Sunny Lane (2005), Bree Olson (2007), Alexis Texas (2008) en Chanel Preston (2010).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: