VCA Pictures

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
VCA Pictures
VCA Pictures logo.gif
algemien
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Beverly Hills (Kalifornje)
oprjochte ±1972
oprjochter Russ Hampshire
eigner Hustler Video
offisjele webside
www.vcaxxx.com

VCA Pictures, soms ôfkoarte ta VCA, is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Beverly Hills, yn 'e steat Kalifornje. It is ien fan 'e âldere pornostudio's, dy't yn 'e iere jierren santich oprjochte waard troch Russ Hampshire, en dy't ien fan 'e wichtichste spilers yn 'e Amerikaanske pornoyndustry wie yn it saneamde Goudene Tiidrek fan de Porno (fan ±1978 oant it útbrekken fan 'e AIDS-epidemy om 1984 hinne).

Yn 'e santiger en tachtiger jierren konsintrearre VCA him op it meitsjen fan big budget-pornofilms mei in plot, oftewol de saneamde feature films. Yn 1982 giene der op 'e earste dei fan 'e ferkeap tolvetûzen eksimplaren fan 'e VCA-film Insatiable oer de toanbank, wat dy ta de bêstferkeapjende fideo fan dat jier makke (mainstream-films ynbegrepen).

Fan 'e ein fan 'e jierren tachtich ôf begûn VCA stadichoan wat yn it neigean te reitsjen, hoewol't it yn 'e jierren njoggentich noch in soad prizen wûn foar films as Sex en Latex. Yn 2003, doe't de studio al lang net mear ta de top hearde, waard er oernommen troch Hustler Video, in dochterûndernimming fan Larry Flynt Productions, it porno-concern fan Larry Flynt. Binnen dat konglomeraat hat VCA in selsstannige identiteit witten te bewarjen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.