Angel Boris

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Angel Boris
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Angel Boris 2014.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Angel Boris Reed
echte namme Angel Lynn Boris
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 2 augustus 1974
berteplak Fort Lauderdale (Floarida)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel
jierren aktyf 1996 – no
offisjele webside
gjint

Angel Boris (folút: Angel Lynn Boris, en soms wurkjend as Angel Boris Reed; Fort Lauderdale (Floarida, 2 augustus 1974), is in Amerikaansk model, neakenmodel en aktrise, dy't bekendheid krige doe't se yn 1996 as Playmate yn it neakenblêd Playboy stie.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boris waard yn 1974 berne yn Fort Lauderdale, yn 'e steat Floarida. Hja wurke as in model foar it sinnebrânoalje-merk Hawaiian Tropic doe't se yn july 1996 as Playmate of the Month foar it neakenblêd Playboy posearre. Dy fotoreportaazje wie it wurk fan neakenfotograaf Richard Fegley. Boris wûn grutte populariteit by de lêzers fan 'e Playboy, en posearre neitiid neaken foar withoefolle spesjale edysjes.

Troch de bekendheid dy't hja mei har wurk as neakenmodel krigen hie, wist Boris ek in karriêre as aktrise te begjinnen. Sa spile se û.m. yn 'e films Warlock III: The End of Innocence (1999) en The Still Life (2006). Yn 2001 wie se likernôch in heal jier lang te sjen yn 'e soapsearje General Hospital, dêr't se in personaazje spile dat ek fan Angel hiet. Ek hie se yn seizoen acht fan 'e jongereinsearje Beverly Hills, 90210 in weromkearende rol as Emma Bennett, in seksy sjoernaliste dy't haadpersoan Brandon Walsh ferlate.

Njonken noch ferskate oare rollen yn tillefyzjesearjes wurke Boris ek mei oan guon fideoklips, wêrûnder dy fan it nûmer Heads Explode fan 'e band Monster Magnet. Fierders die se yn 2002 mei oan 'e spesjale edysje foar Playboy Playmates fan it realitytillefyzjeprogramma Fear Factor, wêryn't se it twadde plak behelle, nei Lauren Michelle Hill.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.